Joop Boomsma

1945

DYK

Sa’n dykje fan asfalt,

nijmoadrich suver yn dit gea,

ûnwennich fan de stienslach fan earder,

fan modder dy ‘t sûge

oan weintsjillen,

tramtearjend it âld hynder –

sa’n dykje

(of in streek faaks

lutsen op it buro

fan in ferkavelingsamtner –

soe ek kinne).

f