Pier Boorsma

1944

ik draach in bern yn my
in lytse en suver bern
it wikt oer dwaan en litten
en earne is it witten
as ik ea oan dit libben wen
dan is dit bern yn my ferlern

g