Bartle Laverman

1948

winter

de boer
hy skeart it burd
de switklean yn de tobbe
de kwalsters bjindere fan it liif

it hout spint waarmte yn it fjoer
en rook en smaak
yn spek en spinterich genever

ek boer draait no de klompen om
mar yn syn kop
steurt noch it foarjierswurk

v