Author Archives

Jubileum fers2!

It is hjoed 23 Desimber 2022. In jier lyn ferskynden de lêste publikaasjes op Fers2. Sûnt dy tiid swije Friduwih Riemersma en Abe de Vries. Op dat plak alteast. Abe ropt en raast as Putin-mantsje noch wolris op Facebook. En fan Friduwih hearre wy hielendal neat mear… It is in treurich jubileum! 🙂

Antysemitisme by It Nijs

Op desimber 14, 2022 pleatste It Nijs dit plaatsje yn de taalrubryk: En op desimber 15, 2022 dit plaatsje:     Twa kear efterinoar in antysemityske tekst. Is dat tafal? Dit freget om in oanklacht.

Hiel aardich, dat OpenAI!

Ik kaam op dizze side troch in berjocht op de Omrop. Dêr hawwe se it oer artikels dy’t generearre wurde kinne, ek yn it Frysk. Mar wat ek mooglik is: OpenAI kin ek dichtsje! Ik fierde de opdracht yn: ‘Skriuw in gedicht oer blommen’ Dit wie it resultaat: Blommen meitsje de wrâld sa kleurich, It […]

Gemeente Waadhoeke ferhearlikt de Putin fan Saksen

It is mar wer ris dúdlik wurden dat de minsken te dom binne om te learen. Ik wie frijwat ferbjustere doe’t ik juster op Martsje de Jong har Facebook de folgjende foto seach: Dit twittere ik hjiroer:   Provokaasje gemeente #Waadhoeke en dan benammen #Frjentsjer: de Putin fan Saksen wurdt ferhearlike op in boerd foar […]

Fers 2: Nij jaske, gjin nije ynhâld

Heden, nei in healjier wachtsjen is der wer wat nijs te sjen op de side fan Fers2. Lykwols, al liket it uterlik allegear wat oannimliker, it menu is noch hieltyd gaotysk en wat noch slimmer is: der binne hielendal gjin nije bydragen bykaam. Jo kinne tink wol stelle dat dizze uterlike fernijing ek allinnich mar […]

Oersetting Jetske Bilker oerstallich

Hjoed in lang petear yn de LC mei Jetske Bilker, dy’t yn it ramt fan de Boekewike Pfeijffer út it Hollânsk yn it Frysk oersetten hat. Ik fyn, sjoen de twatalige situaasje yn Fryslân, sokke oersettingen folslein oerstallich en tiidfergriemen. En boppedat: de Fryske skriuwer leit no wer op ‘e knibbels foar de Hollânske skriuwer… […]

Hollânsktalige tekst by portet Waling Dykstra

Dit skriuwt Zee van Tijd (in restaurant) op Facebook: Waling Dykstra is back in town! Dit prachtige portret is geschilderd door Gerrit Breteler (www.gerritbreteler.nl) en laat een jongere Waling zien. In de begeleidende tekst kun je lezen wie hij was en waar hij voor stond. Als je voor het bord staat heb je zicht op […]

Grut Nijs: Fers2 sit noch yn ‘e Krysttiid!

http://www.fers2.eu/

ensafh: Friduwih Riemersma:‘Myn binêre koade’, in sinjalemint

Yn it (Hollânsktalige) petear Friduwih Riemersma dicht als een ouderwetse vernieuwer mei it Friesch Dagblad die Friduwih Riemersma, dochter fan Trinus, te witten dat se okkerdeis in online kursus poëzij-skriuwen folge hie. It risseltaat fan dizze opdiene wiisheid is de min as te mear yn eigen behear by útjouwerij Grotesk útjûne dichtbondel ‘Myn binêre koade’. […]

Fryske poëzij yn Awater

Yn de hjerst-edysje fan it literêr tydskrift Awater wurdt û.o. oandacht bestege oan de nije Frysktalige poëzij. Skriuwer fan it artikel is Jabik Veenbaas. Titel fan it stik is ‘Mijn fontanellen schoven open”, in sitaat út myn gedicht ‘Skjinhead’.  Veenbaas neamt my om ien as oare reden Cor van der Wal. Cor is myn ropnamme, […]