Klik op de ôfbylding foar in grutter byld
¶
Posted 08 septimber 2021
§
Bloch
‡
°
Okkerdeis kaam City of Literature Ljouwert mei in ferhalewedstryd foar it projekt ‘Utsteld Lok’. No, dat like my yn earste ynstânsje wol wat. Fansels ek om’t jo der € 700,00 foar krije kinne. Dat kinne wy wol brûke yn dizze aparte tiden, no. Ek wol in moaie namme, Utsteld Lok. Ik lies lykwols efkes fierder […]
En it giet mar troch minsken! De libbenspartner fan Abe de Vries, Friduwih Riemersma, is tige lyrysk oer de nij út te kommen blomlêzing fan Abe mei de argayske titel Ik haw myn kobist fêstbûn oan in appelbeam / Ik bond mijn koe vast aan een appelboom. Wat skriuwt *kuch* de útjouwer? “In prachtige bondel: […]
Ernst Bruinsma giet mar troch mei it negearjen en tsjinwurkjen fan jo favorite dichter… It begjint hast pathologysk te wurden…En de webside fan it Wjerspegelje-projekt is in streekrjochte ramp… It is blykber te dreech om de nammen fan de dichters goed te staverjen… Wat in amateurisme! En wannear komt ris it besef dat ien man, […]
¶
Posted 05 july 2021
§
Bloch
‡
°
Cornelis van der Wal nei it ynternasjonale poëzijfestival Transpoesie Foar de alfde kear wurdt yn Septimber yn Brussel it Transpoesie Poëzijfestival organisearre. Nei Janneke Spoelstra (2018), Elmar Kuiper (2019) en Nyk de Vries (2020) sil Fryslân dit jier fertsjintwurdige wurde troch Cornelis van der Wal. Hy sil op 26 septimber in optreden fersoargje, op de […]
¶
Posted 14 maaie 2021
§
Bloch
‡
°
Sûnt 2017 hat ús provinsje in Dichter fan Fryslân en dêrneist hat ek in Fries twa jier lang Dichter des Vaderlands west. Ik jou yn dit stik efkes in koarte yndruk fan de kwaliteit fan de laureaten. Lit ús úteinsette mei Eeltsje Hettinga, dy’t DFF wie fan 2017 oant 2019. Hettinga liet him kenne as […]
In hiel lang stik oer de advyskommisje foar de Gysbert 2021 yn de provinsjale deiblêden hjoed. En dat wylst de gearstalling fan dizze kommisje noch hielendal net bekendmakke is. Op Fers2 wurdt steld dat de gearstalling op de side fan ‘e Provinsje stien hat. Mar wêrom dan net efkes in screenshot makke? Ek hiel apart […]
Ja jonges, it is wer safier! De libbenspartner fan Abe de Vries, Friduwih Riemersma, besprekt op Fers2 de dichter syn nijste bondel Blaumelly. En wat docht bliken? Riemersma is slim ûnder de yndruk fan de poëzij fan har freon: se kent him ‘in hieltyd mear gesachhawwende poëtyske stim’ ta. Earder fûn Friduwih de bondel Brek […]
It is in âlde Fryske wizânsje, it ôfjaan op ‘e ‘grutte’ stêd. De Fryske taal wurdt noch altyd mei it plattelân assosearre. As ik efkes yn myn boekekast sjoch dan tilt it al op fan agraryske titels: ‘Proza van het platteland’ fan Trinus Riemersma, ‘Fries Stamboek’, ferhalen, gearstald troch Alpita de Jong, en gean sa […]
¶
Posted 14 jannewaris 2021
§
Bloch
‡
°
Bespotlik, dat Ljouwerter Pidgin-projekt fan Explore The North. Der wurdt yn it foar al fan út gien dat wy allegear Nederlânsk prate thús. Krekt of bestiet it Frysk net. https://explore-the-north.nl/nl/productie/pidginx ‘Spreek jij thuis een andere taal dan het Nederlands?’