Cornelis van der Wal

Skriuwer: Knilles

  • Picture Poem Cornelis van der Wal: De reizger

  • Ernst Bruinsma besprekt (alwer) syn eigen útjeften en oar nijs

    Jo soene dochs tinke dat de man einlings ris trochkriget dat soks not done is: in útjouwer dy’t syn eigen útjeften besprekt. Nee dus. It wie ôfrûne sneon wer it gefal, doe’t Ernst Bruinsma it boek de Raven fan Elske Schotanus bespruts yn syn boekerubryk Op en út foar de Omrop. Dat kin sllinnich yn…

  • Snútslach fan Ernst Bruinsma foar de Fryske proazaskriuwers

    Sitaat yn de LC fan 09-03-20: ‘Volgens Ernst Bruinsma van Boeken fan Fryslân zijn er momenteel te weinig aansprekende Friese prozaschrijvers om ieder jaar een boekenweekgeschenk te maken.’ Dit is fansels in mislediging fan komsa foar de hjoeddeiske Fryske proazaskriuwers. Jo freegje jo ôf wat sa’n Bruinsma eins by Boeken fan Fryslân te sykjen hat.…

  • Dichter des Vaderlands Bruinja pleitet tsjin it brûken fan it Frysk

    Fannejûn seach ik de dokumintêre ‘It Wurd Wat‘ oer Fryske poëzy. In soad ôfwaaid praat, yndied, mar al nijsgjirrich fûn ik hoe’t de Amsterdamse Fries Tsead Bruinja, dy’t op dit stuit Dichter des Vaderlands is, him oer it Frysk útlit. Sjoch de foto’s of fansels de doku en lûk jo konklúzje.  

  • Hvedekorn

    Hjoed, op myn jierdei, in moai presintsje yn ‘e brievebus! @Tresoar @FD_cultuur @sirkwy @deMoanne Mei tank oan de oersetters @poetcarstenrene en @GeartTigchelaar 6 fersen yn dit ferneamde tydskrift!

  • De ein fan Fers2?

    Ornaris wurdt it *kuch* literêre tydskrift Fers2 om ‘e 14 dagen ferfarske, mar it lêste berjocht is fan 15-12-2019. Op ‘e side stiet: ‘Fers2 komt om ’e fjirtjin dagen op it ynternet út as Fers2.eu. Fers2 hat gjin paywall: alle stikken binne frij tagonklik.’ Soe dit de ein wêze fan in tydskrift dat neist in…

  • It ûnthâld fan de Moanne

    Ja minsken, it jier 2019 is al wer hast foarby. Wat mysels oanbelanget wie it hichtepunt de tour mei de Reade Runen nei Denemarken ta. En fansels de oansteande oersetting fan seis (6) fersen út Wolf yn harnas yn it promininte Deenske tydskrift Hvedekorn. Dat lêste sil yn 2020 plakfine.  Grutte *kuch* Fryske poëzijkenners lykas…

  • Oersettings seis fersen út ‘Wolf yn harnas’ sille ferskine yn ‘Hvedekorn’

    Hjoed krige ik it berjocht dat seis fersen fan myn hân ferskine sille yn it renomearre Deenske tydskrift Hvedekorn. De fersen komme út Wolf yn harnas (2016) en binne yn it Deensk oerset troch Geart Tigchelaar en Carsten René Nielsen.

  • Job Degenaar strikes again!

    Niiskrekt nei de beneaming fan de Nije Dichter fan Fryslân west. It is dus Nyk de Vries wurden. Dat koe minder. It wie in moaie middei, mar ik hie al wat argewaasje fan it sjuerylid Job Degenaar en in ‘rapper’, dêr ik de namme fan kwyt bin. Poelsma of sa. De lêste stuts in ferhaal…

  • Job Degenaar wol in priis, mar wurdt diskriminearre

    In opfallend ynstjoerd stik fan Job Degenaar yn de Ljouwerter Krante fan 02-11-19. In sitaat: ‘De in 2018 ingestelde jaarlijkse Kultuerpriis van De Fryske Marren is uitsluitend bedoeld voor literair, muzikaal of toneelwerk in het Frysk.’ Degenaar fynt it brûken fan it Frysk ‘terug naar af’ gean. Dizze priis moat neffens Degenaar ek iepenstean foar…