Category Archives: Bloch

Fryske poëzij yn Awater

Yn de hjerst-edysje fan it literêr tydskrift Awater wurdt û.o. oandacht bestege oan de nije Frysktalige poëzij. Skriuwer fan it artikel is Jabik Veenbaas. Titel fan it stik is ‘Mijn fontanellen schoven open”, in sitaat út myn gedicht ‘Skjinhead’.  Veenbaas neamt my om ien as oare reden Cor van der Wal. Cor is myn ropnamme, […]

Besprek Arjan Hut ‘Oar hûs’

Klik op de ôfbylding foar in grutter byld

‘Diversiteit’ as literêr kriterium?

Okkerdeis kaam City of Literature Ljouwert mei in ferhalewedstryd foar it projekt ‘Utsteld Lok’. No, dat like my yn earste ynstânsje wol wat. Fansels ek om’t jo der € 700,00 foar krije kinne. Dat kinne wy wol brûke yn dizze aparte tiden, no. Ek wol in moaie namme, Utsteld Lok. Ik lies lykwols efkes fierder […]

Literêre ynsest diel safolle: Friduwih lyrysk oer Abe syn Blomlêzing

En it giet mar troch minsken! De libbenspartner fan Abe de Vries, Friduwih Riemersma, is tige lyrysk oer de nij út te kommen blomlêzing fan Abe mei de argayske titel Ik haw myn kobist fêstbûn oan in appelbeam / Ik bond mijn koe vast aan een appelboom.  Wat skriuwt *kuch* de útjouwer? “In prachtige bondel: […]

Amateurisme by it ‘Wjerspegelje’ – projekt

Ernst Bruinsma giet mar troch mei it negearjen en tsjinwurkjen fan jo favorite dichter… It begjint hast pathologysk te wurden…En de webside fan it Wjerspegelje-projekt is in streekrjochte ramp… It is blykber te dreech om de nammen fan de dichters goed te staverjen… Wat in amateurisme! En wannear komt ris it besef dat ien man, […]

Cornelis van der Wal nei it ynternasjonale poëzijfestival Transpoesie

Cornelis van der Wal nei it ynternasjonale poëzijfestival Transpoesie Foar de alfde kear wurdt yn Septimber yn Brussel it Transpoesie Poëzijfestival organisearre. Nei Janneke Spoelstra (2018), Elmar Kuiper (2019) en Nyk de Vries (2020) sil Fryslân dit jier fertsjintwurdige wurde troch Cornelis van der Wal. Hy sil op 26 septimber in optreden fersoargje, op de […]

Nije kollum: Dichters fan Fryslân en it Vaderland

Sûnt 2017 hat ús provinsje in Dichter fan Fryslân en dêrneist hat ek in Fries twa jier lang Dichter des Vaderlands west. Ik jou yn dit stik efkes in koarte yndruk fan de kwaliteit fan de laureaten. Lit ús úteinsette mei Eeltsje Hettinga, dy’t DFF wie fan 2017 oant 2019. Hettinga liet him kenne as […]

De advyskommisje foar de GJ-priis 2021 + updeet

In hiel lang stik oer de advyskommisje foar de Gysbert 2021 yn de provinsjale deiblêden hjoed. En dat wylst de gearstalling fan dizze kommisje noch hielendal net bekendmakke is. Op Fers2 wurdt steld dat de gearstalling  op de side fan ‘e Provinsje stien hat. Mar wêrom dan net efkes in screenshot makke? Ek hiel apart […]

Literêre ynsest yn Fryslân, diel safolle…

Ja jonges, it is wer safier! De libbenspartner fan Abe de Vries, Friduwih Riemersma, besprekt op Fers2 de dichter syn nijste bondel Blaumelly. En wat docht bliken? Riemersma is slim ûnder de yndruk fan de poëzij fan har freon: se kent him ‘in hieltyd mear gesachhawwende poëtyske stim’ ta. Earder fûn Friduwih de bondel Brek […]

Nije kollum op ensafh: Provinsjalistysk gejeuzel

It is in âlde Fryske wizânsje, it ôfjaan op ‘e ‘grutte’ stêd. De Fryske taal wurdt noch altyd mei it plattelân assosearre. As ik efkes yn myn boekekast sjoch dan tilt it al op fan agraryske titels: ‘Proza van het platteland’ fan Trinus Riemersma, ‘Fries Stamboek’, ferhalen, gearstald troch Alpita de Jong, en gean sa […]