Cornelis van der Wal

Moanne: maart 2010

  • Breinstoarm yn in bakje

    Bin aardich kreatyf, mar ik klopje it efkes ôf, ris sjen, is hjir ek wat fan hout yn ‘e buert? Ik haw gjin houten kop, dat wurket dus net. De ûnderkant fan de tafel liket my wol gaadlik. Haw yn elts gefal juster wer poëzij skreaun, faaks hat it wat wearde. Letter mar besjen. Bin…

  • 6e fan Mahler, 3e diel

    [youtube]http://www.youtube.com/watch?v=3zwJ1BljEuE&feature=related[/youtube]

  • Wolkom Los Angeles!

    Neffens my sit de ferneamde Fryske Dichter Eeltsje H. wer yn de States! En, fansels, ek dêr kin er net sûnder it deistige weblog fan Knilles. Noch in soad wille tawinske!

  • Literêre fytstocht 2010 (02)

    Treflik fytswaar wie it, net te waarm, net te kâld en net al te folle wyn. Dat ik fytse hjoed efkes hinne en wer tusken Snits en Ljouwert. Der lei in boek foar my klear by Tresoar. Gjin literêr boek, mar in biografy oer in mystikus. Nee, ik sis net hokker, wat dan reservearje jo…

  • Besprek Sondelfal, Jacobus Q Smink. Friesch Dagblad.

  • Sirkwy: poëzij op it tredde plan

    Faaks bin ik wat te betiid mei myn krityk, want de side is noch net iens online. Hokker side? No, ik doel fansels op sirkwy.nl. Net hielendal orizjineel ek, dy namme. Der bestiet al in moai skoft it Literêr Sirkwy ommers. In wat minder betiizjende namme hie faaks better west. Mar my wurdt neat frege.…

  • Oanbidding (1990?)

  • Kibbeling foar de wyn

    No, it is my no wol dúdlik, dat ik net op Grien- oftewol Groen Links stimme sil. Se wolle Fryslân ôfskaffe! No way, José. Nee, dochs mar wer de SP, hoewol’t dy ek net sa foar it Frysk binne. My tinkt dat Cohen wol genôch stimmen kriget. Ik stie yn bestân en reizgje hjoed rjochting…

  • Bargefleis op ‘e fyts

    Krij hjoed besite, dat efkes iten siede yn it foar. Ja, it wurdt wer bamy, mei dêrby eat mei bargefleis. Ik sjoch wol. Der steane resepten by’t soad op ynternet. Ik skreau lêst dat Omrop Fryslân frijwol neat oan de ‘hegere’ kultuer mear docht. Of soks yn dy oarder. Dochs hawwe se de ôfrûne wike,…

  • Literêre fytstocht 2010 (01)

    Ja leave berntsjes, ik haw wer in eintsje te fytsen west. Kinne jim riede wêr’t ik west haw? Sjoch mar ris goed nei de foto’s… En it waard dan dochs wer in literêre fytstocht, want yn de supermerk fan Skearnegoutum trof ik de ferneamde skriuwster Marga Claus. Is’t net apart? No aansens allegear lekker sliepe…