Monthly Archives maart 2010

Krystlietsje fan Duo von Däniken

Eigen bamy boppe alles

Ja, it is wier, der binne noch jonge, Frysktalige dichters. Alteast, ik seach der ien yn it wyld omrinnen, by Tresoar, ôfrûne sneon. Ik haw it oer Geart Tigchelaar. Juster stavere ik syn namme ferkeard. Mea Culpa. Mar wêrom blocht dizze jongfeint eins net? En Elske Kampen, dy moat ek blogge! No daliks! Dizze maaitydsmerke […]

Oranje Pinda

Juster in moaie dei hân yn Ljouwert. Ja, ut ken Henk! De ekspo fan Feddema is hiel moai, heechromantyske skilderijen mei P. Y. Tsjaikofsky as kuierder yn de haadrol. Dêrfoar wie ik efkes yn Tresoar, in drokte fan belang. Ik siet ek noch efkes achter de boekestand fan Bornmeer en haw mar leafst twa boeken […]

Ulalume, E.A. Poe

Lês hjir fierder

Nije rigel yn it reade boekje

Jawis, dy Bio oer Majakovsky haw ik in pear dagen lyn al ynlevere. In prachtich boek, en op it lêst krige ik dochs wol wat te dwaan mei de dichter. Al in hiel skoft haw ik syn folsleine gedichten yn myn besit. Yn it Dútsk, fan dy reade boekjes. Krige hjoed ek de Ingelske oersetting […]

Fize YouTube filmkes

Ik hie it earst net heard, dat kaam tink fan it spuien, mar op in bepaald stuit hat Hylke Speerstra it oer ‘Fize YouTube filmkes.’ Jawol, op minuut 24 yn dit programma seit Speerstra soks. Dat kin allinnich mar op dit, tige aardige filmke slaan… Goed! Foar straf noch in fiis filmke!

Duo von Däniken: It Bamyliet

[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=TXYz4-mE3Vs[/youtube]

Besprek de Moanne, jiergong 9 nû. 2. Mei rapportsifers!

Nee, op it net stiet noch altyd de net al te oanloklike foarside fan nû.1, mar nû. 2 is al in skoftke út. Hjirûnder folget myn ûnmeilydsume, mar dochs nei objektiviteit stribjende besprek. Mei rapportsifers. De foarkant: Jochem Hamstra is in bêste keardel, mar dy trui kriget in 6.4. Estafettekollum is neat oan, in 4.3. […]

Duo von Däniken op YouTube

Alle harkspultsje fan Duo von Däniken stean no op YouTube. Hjirre dus.

Beskieden debyl

Goemoarn bêste minsken. Op dizze grize sneintemoarn woe ik it dochs ris oer dat programma SneonS fan juster hawwe. Jo kinne dy útstjoering yn myn foarige berjocht oanklikke. Ik sil my ynhâlde. Besykje alteast. Lit ik alderearst hjir ris in trochferwizing delsette nei in kursus Frysk praten. Jo witte tink wol wa’t ik dy kursus […]