Monthly Archives novimber 2010

Sinteklaas!

Ja, de goedhillich man kaam efkes by my del mei in tas fol mei âlde Fryske tydskriften!

Hugo Ball und Hans Arp

[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=9qDbE1On46o&feature=related[/youtube]

Gounod: Mors et Vita

[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=wf_Pd736s90[/youtube]

Tekstferwurker

Heden, dochs hiel aardich, dizze tekstferwurker. Sil ris sjen oft de Fryske staveringshifker der ek yn wurket. Mar dat is eins ek net nedich. In âlderwetsk typmasinelûd sit derby. Sil ik him eins wol brûke? De tiid sil it leare. Nee, se hawwe it noch net foarinoar by Mercurius, dy útstjoering online te setten. Ik […]

Nivo oan de wylgen

Oeral yn it lân wurdt besunige op kultuer. De profesjonele keunsten en de amateurkeunst wurde útklaaid troch gemeenten, provinsjes en it ryk. Dat hat desastreuze gefolgen foar de kulturele ynfrastruktuer. Ek yn ús regio! Op 20 novimber is in LANLIKE AKSJEDEI tsjin de besunigingen. It is tige wichtich om ús stim hearre te litten. Wat […]

Fraksje snert

No, dat gie neffens my net sa min, dy radio. Oare kear wat lytse oanpassings. As it goed is, dan komt de útstjoering moarn online te stean. Haw in mailtsje nei de Steatefraksje fan de FNP stjoerd: Achte steatefraksje, graach woe jim miening oer de útspraken fan de hear Gerben Gerbrandy yn it Sneeker Nieuwsblad […]

17 Novimber earste útstjoering Radio Corosie

Einlings wer in Frysktalich radioprogramma mei oandacht foar Fryske literatuer. Gearstald en presintearre troch Cornelis van der Wal, mei diskear as gast Albertina Soepboer, dy’t fertelt oer har nije bondel De trektocht. En noch folle mear! Radio Corosie stjoert út fia Mercurius RTV, de earste útstjoering is op 17 Novimber tusken 14:00 en 15:00 oere. […]

John Keats: When I have fears that I may cease to be

[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=asGolDPXMoo&feature=BF&list=PLCF1A4FA2EBE941A6&index=23[/youtube]

FNP: kultuerbarbaren

Sa’t jo fansels al wisten binne der hjir yn de nij te  foarmjen gemeente mei de net al te moaie namme Súdwest Fryslân op 24 novimber ferkiezings. Ha! Sa tocht ik, as nije ynwenner, dan kin ik einlings wer ris FNP stimme, dat sil wol 20 jier lyn foar it lêst west hawwe. Mar, sa’t […]

Noch mear út de argiven

Sans Comment: Abe de Vries, Sytse Sek, Goaitsen Andringa, Medium Mireille, Nocht oan ûnnocht… Ik meitsje jûn in soarte fan stoofpottechien