Monthly Archives febrewaris 2011

Nije kollum op ensafh

Ik woe hjoed mar folstean mei in ferwizing nei myn nije kollum, op ensafh! Hjirre.

Besprek Willem Abma: Inerlik ferskinen

Earder ferskynd yn it Friesch Dagblad, 15-01-2011

Besprek Anne Feddema: Torpedo’s los

Earder ferskynd yn it Friesch Dagblad 15-01-2011

‘Rêstige gedichten’ en: ensafh bestiet net

No moat it net mâlder wurde: wat in mislediging! In sekere Harry Bouhús hat it yn de Ljouwerter oer ‘rêstige gedichten’. Dat lit ik my net sizze! Yn deselde krante, fan 16-02-2011, ek in ‘Bijeengelezen’ fan de topsjoernalist Sietse de Vries. Kees ‘t Hart mient dat der noch mar ien Frysk literêr tydskrift is: de […]

Tegenstemwijzer!

[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=5DBbpNkVaUk&feature=player_detailpage[/youtube]

Betide reklame

No, it is in merakel. Op sawat deselde dei dat de subsydzje der troch is, ek al reklame foar myn oangripende, mar noch te ferskinen dichtbondel Kristus Pavlov. De Lêzing fan Doeke Sijens oer de Fryske biografy stiet no online, hjir klikke. Oan de ein hat Doeke it oer dit webloch, spitich dat er in […]

Mazeppa bargelapke

No minsken, goed berjocht: de subsydzje is takind, dat it produksjeproses fan Kristus Pavlov wurdt yn gong setten. Fierders haw ik my opjûn as nij manlik lid (jaja, grapke pikt fan Reve) fan it Skriuwersboun, mar se reagearje oant no ta noch net. Soene se net oer krityske leden kinne? Ik bedoel it goed, no. […]

Heuchlik Nijs! Elske S. stapt op!

Dêr kin gjin Falentynskaartsje tsjinop: “Fan de bestjoerstafel, 11 febrewaris: Elske Schotanus en Jan Schotanus binne ôftrêdend, Elske is net werkiesber. Kandidaten foar in sit yn it bestjoer kinne belje mei ien fan de bestjoersleden of in mail stjoere nei skriuwersboun@hotmail.com. It bestjoer komt seis kear yn it jier by elkoar, derneist is der oerlis mei […]

Abe filmet Literêr Sirkwy Stiens

No, dêr wie er al! In filmke fan Abe de Vries fan it Literêr Sirkwy yn Stiens. Mei Kramtried, Geart Tigchelaar en yndied jo nederige tsjinner ek yn byld en lûd te bewûnderjen…  Klik hjirre!

Redbad Rames

No, dat wie in moaie middei yn Stiens. Nijsgjirrige foardrachten en Kramtried kin útgroeie ta in wichtige band yn it Frysktalige Metal-barren. Ik kin ek útgroeie, mar doch oan de lijn. Fannemoarn 77 kilo. Hat wolris mear west. Mar ik haw myn kop ek wer milimetere, dat skeelt faaks wer wat gewicht. Ûnder de taharkers […]