Cornelis van der Wal

Moanne: maart 2011

  • Exorcism, Salvation, Possession

    Is dus in selsmakke filmke, mei muzyk fan Knilles! Ik sis it der efkes by, want net ien wol it filmke sjen… [youtube]http://www.youtube.com/watch?v=9PanrtS4vLY[/youtube]

  • Murdhounlûmpia

    No, sa’t it no liket hawwe Elmar Kuiper en myn persoan in boekpresintaasje yn doarpshûs De Murdhoun yn Húns, ein april. Elmar presintearret dan syn nije dichtbondel Granytglimkes en ik dus Kristus Pavlov. Wy wolle der ek wat eigenmakke muzyk by útfiere, en dêr bin ik no mei dwaande. In skoft lyn dat ik oan…

  • Kont op in wolk

    Ja, lêzerkes, noch in pear wike geduld dwaan foar myn nije dichtbondel Kristus Pavlov. Mar: om’t jim hast net wachtsje kinne hjirûnder in foardracht fan it noch net earder publisearre gedicht ‘Kont op in wolk‘. Ut de nije bondel. [youtube]http://www.youtube.com/watch?v=KqmRHLLx7Es[/youtube]

  • The Pixies – Gigantic

    [youtube]http://www.youtube.com/watch?v=0s7fFTRXT0o[/youtube]

  • Besprek Wilco Berga

    Harnzer tijgedichten. Ferskynd yn it Friesch Dagblad 26-03-2011

  • Feest foar de trui

    Efkes wat nostalgy, leave berntsjes! Oernaam fan it al earder neamde iP2r90 ‘ Rendez-Vous’, út 1993. Doe krige ik de Fedde Schurerpriis. 2/3 fan de sjuery is al stoarn… En ekskús foar dy trui… En wat wie dat in moai feest by Jikke Ozinga! Jo soene hast sizze, sokke feesten binne der tsjintwurdich net mear.…

  • Pasta is tafal

    Bêste freonen. Ik tocht hjoed wer ris oan it fenomeen tafal. Dat wol sizze, is it wol in fenomeen, wannear’t it eins net bestiet? Sa’t jo faaks witte bin ik in soad dwaande mei de stúdzje fan de astrology. Dat tafal, ik leau der net mear yn. Ja mefrou, it hielal sit ferhipte yngewikkeld ynelkoar.…

  • iP2 r90 en Wylde byldspraken

    In pear moanne lyn haw ik fan in Geheimsinnich Persoan in hiele steapel iP2 r90 ‘ Rendez-Vous’ krigen, it ienmanstydskrift (want der wiene doe noch gjin weblogs) fan Josse de Haan. Literêr, mar ek polemysk. Ik bin se no allegear oan it trochlêzen. Konfrontaasjes mei Teake O. (ja ek yn 1994 hiene jo dêr al…

  • Hans Pfitzner: Palestrina

    [youtube]http://www.youtube.com/watch?v=rdy381LUM2o&feature=related[/youtube]

  • Elektroanyske fyts

    Moai, ik bin dus yndied lid fan it Skriuwersboun, want ik krige juster de nije Oesdrip yn de elektroanyske brievebus. Nijsgjirrich hear! Mar neffens de statuten mei ik my no net mear negatyf útlitte oer it Boun, oars wurd ik der wer útknikkere… No… Dan mar in pear foto’s fan fanmiddei op de fyts. In…