Monthly Archives oktober 2011

Dêr wiene se al!

Efkes op it plaatsje klikke

Lokwinske

Durk! Hy lêst it lykwols net, hat gjin ynternet

Diskusje Gysbert yn streamfersnelling

Bin ik der grutsk op, dat myn brief fan ferline wike de diskusje om de Fryske literêre prizen op skerp setten hat? Fansels, al in bytsje. Mar ik koe my net langer stil hâlde, en it giet ek net om myn persoan. Fryske skriuwers wurde lytsachte troch it Provinsjaal bestjoer, dat koe ik net oer […]

Snits, kulturele haadstêd

Nee, net fan Jeropa, mar fan Fryslân. Oer in jier moat it klear wêze, it nije Theater fan Snits. En neffens my sjit it lekker op. Bin tige benijd wat de programmearring wurde sil. Graach in soad opera! En gjin *yuck* musicals please! Of it moat Jannewietske, de musical wêze, dan kom ik efkes del. […]

Ynstjoerd brief Mette M. Piebenga

Ja, it muoit my tige, Ljouwerter Krante, dat ik alwer in brief fan jim oernim. Beskôgje it mar as reklame! Of stjoer oars de plysje mar op my ôf. By the way: dit is dus deselde frou Piebenga, dy’t okkerlêsten by in foardracht fan Abe de Vries tajoech, dat se noch nea fan de dichter […]

E. Schotanus en E. Hettinga belutsen by de Nachtrider

Dat alteast is myn konklúzje, nei djipgeand ûndersyk! Gjin wûnder dat se dat net bekend meitsje doare! En dy ‘Henk’ op It Nijs siet ek yn dy hoeke.

Efterbaks kollektyf + updeet

No wiene wy al gjin freontsjes, mar neidat De Nachtrider, in anonym, dus efterbaks kollektyf (mar benammen besteande út Abe de Vries) – neidat se leagens en rabberij oernommen hawwe fan in lefbek op It Nijs is it wat my oanbelanget Oarloch. Uch. En it wie dus de Nachtrider dy’t teksten fan my oernommen hat […]

Abe de Slaef

Dit skreau it multytalint Abe de Vries op syn weblog: ‘ It soe lykwols goed wêze om jin te realisearjen dat Fryslân 2018 dé belangrike sosjaal-kulturele ympuls wêze sil dy’t hjir noadich is, in fûneminteel feroaringsproses en in nije dynamyk bûten de stêd likegoed as yn Ljouwert.’ Slaafsk achter de machthawwers (deputearre De Vries) en […]

Nije layout

Jo hiene it tink al opmurken, de side hat in nij jaske krige. Misse jo noch wat? Sis it mar. Oan de linkerkant fine jo no de siden, mei û.o. de links, dy’t no ûnder it kopke ‘trochferwizingen’ steane. Dêr stiet ek in link nei it âlde bloch, en op dat âlde bloch noch mear […]

Exit Facebook

Ik haw der myn nocht fan. Fûn der al net in soad oan, mar dit berjocht joech de trochslach. Gjin facebook hjirre. Ik sil dy ‘like’ dingen op dizze side moarn, nee letter hjoed dus, ek efkes fuorthelje. Ik bliuw fia Twitter berikber, mar fansels ek fia it kontaktformulier. En, wannear’t  jo myn meeladres witte, […]