Monthly Archives novimber 2011

Krom mûlharpke yn pantoffel

Au! Dat rint net sa noflik, mei kromme teannen yn de pantoffels. Ik haw krekt de earste 20 minuten fan it twadde diel fan de dokumintêre op de Omrop sjoen. De DOK oer Fryske Kultuer. Ik koe noch krekt de leptop yn de oare keamer helje. Ik nim in slok Bier, hoopje dat it helpt. […]

IT BRIEF FEN IT BOUN

Heden! Dêr wie It Brief fen it Skriuwersboun al. Net sa snoad om nei in earder epistel te ferwizen oars, in skriuwen dat de skiednis yngien is as… Och lês sels mar, by Eamelje Net. It brief komt sa hoe sa wat oerspand op my oer. Liket my ek net sa ferstannich om sa’n agressive […]

Fisk-Sensuer mei saus

No, de Ljouwerter Krante hat my dy ûntbrekkende siden tastjoerd, as pdf. In korrekte gong fan saken, ynoarder. Ris sjen hoe’t it mei Boeken fan Fryslân is… En dan benammen de poëzij… Nee, in sekere Cornelis van der Wal sit der noch net tusken… It is in boycott tink. Of it hat wat mei Bornmeer […]

Fan de debút-cd fan Knilless: ‘Ik bin de Dea’

[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=W9pQxIvWvk0&feature=player_detailpage[/youtube]

Foebele, Brekke en Bamy

Jawis, efkes, in kertierke tink, nei it fuotbaljen sjoen juster. Ik betrape my der op, dat ik foar de Dútsers wie. Sûnt dy alderferskriklikste finale fan it WK ferline jier haw ik gjin wedstryd fan Oranje mear sjoen. Ik begryp ek net dat dy coach dêr noch sit, dy soe him deaskamje moatte. Nee, Boeken […]

(in bytsje) poëzij by Boeken fan Fryslân

Nee, se hawwe noch net it fatsoen hân om my in antwurd te jaan, mar op de side fan Boeken fan Fryslân steane no al in pear dichtbondels. It giet de goede kant út. Hoopje ik. Noch gjin Kristus Pavlov synjalearre oars! Oer ûnfatsoen sprutsen… By de Ljouwerter Krante kinne se der ek wat fan. […]

Richard Strauss: Guntram

[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=TCfgO3ypmS8[/youtube]

Abe de Vries pleitet foar Boereliteratuer

Ik sil der fierders gjin kwea wurd fan sizze, hear, dy agrarysk-argayske literatuer dêr’t De Vries foar pleite, juster by Omrop Fryslân televyzje. Goaitzen Burgy, Abe Brouwer, dat wiene pas skriuwers! Ik lykwols sels, as persoan en minsk, bin grutbrocht yn in stêd, Ljouwert dus, en haw dêrnei allinnich mar yn stêden wenne, te witten […]

THE BIG PINK – “VELVET”

[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=Tt2jw-NcQ9s[/youtube]

Dichtkeunst besmet by bobo’s

Earjuster haw ik se mar in mailtsje stjoerd, de minsken achter Boeken fan Fryslân. It foel my nammentlik op, dat der alhiel gjin dichtwurk ûnder it kopke ‘Alle boeken‘ te finen wie. Jo riede it fansels al: gjin antwurd, wylst ik dochs tige fatsoenlik wie yn myn fraachstelling. It hat der in soad fan wei […]