Monthly Archives april 2012

Fryske dichters diskriminearre yn Grins + Updeet: Sensuer by Peppelenbos + alwer in updeet

Ha! Dêr hawwe jo it wer: de hâlding fan de stêd Grins tsjinoer it Frysk. Ik bin, wat dat oanbelanget, bliid dat ik dêr wei bin. Fierders bliuwt it fansels in prachtstêd. Mar dy hate tsjin it Frysk is wier om te spuien. Wêr haw ik it oer. Gjin idee. O, ja, it giet oer […]

Spannend! (02)

Abe de Vries rekket it twadde plak kwyt, nei in yntinsive aksje fan master Thys Wadman, dy’t syn learlingen in goed sifer jout at se op syn boek stimme! Elske Kampen bliuwt oan kop, en, hoewol ik der al twa kear op stimd ha, bliuwt Hidde Boersma op it lêste plak hingjen! Eeltsje Hettinga wol […]

Exit arke

Bête minsken, hjirby it spitige berjocht dat ik net mear yn de arke sit. It die bliken dat myn kat yn Snits hast neat mear ite woe, ûnwennigens tink, dat ik kin der no net by wei. It wie in hiele moaie (koarte) wike. En de kat knapt al aardich op. Bêste groetnis: Cornelis.

Sleigh Bells – End of the Line

[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=1e5zmfDgPYg[/youtube]

Wa is Gerben de Vries, en wêrom?

No, wie dat net in moaie ‘scoop’ juster? Abe & konsorten hawwe hjoed yn alle hastigens in parseberjocht opsteld nei oanlieding fan dy nije ‘útjouwerij’. ‘HotSum is in nij útjou-inisjatyf fan Ytsje Hoekstra, Gerben de Vries, Jetske Bilker en Abe de Vries. HotSum wol reagearje op ferletten yn de praktyk fan it Frysk skriuwen en […]

In Aapke as streksum miel, lekkel!

Wier, jim moatte my leauwe. Wêrom? No, omdat ik it sis. Ik wie wier fan doel en skriuw tenei net mear oer it Aapke de Vries. Mar it moat dochs. Ús Aapke hat nammentlik no in soartemint fan foto-útstalling yn Tresoar hingjen. ‘Rânelân is in fotografyske reis dy’t ‘visual poet’ Abe de Vries makket troch […]

Arke (02)

Arke

Omrop: http://www.omropfryslan.nl/nijs/cornelis-vd-wal-yn-arkje-rink

Klaas Jansma yn petear mei Geale de Martelaere

Hiene jo him faaks mist? Net sa snoad, mefrou! Jo doge nefffens my net alhiel. Mar spesjaal foar jo de werhelling fan de fia ensafh earder ferskynde ôflevering fan dit petear fan Klaas Jansma mei in ferneamd thriller skriuwer. No freed wer in gleon-nijen-ien. Dus. [youtube]http://www.youtube.com/watch?v=513wOQoLQHE&context=C4d17d45ADvjVQa1PpcFNpbYaBHNzTpp6_noo_vO69wVC3g7cEyRU=[/youtube]  

Riedsels fan Lasker

By in pear minsken is it al bekend, mar foar de oaren is it noch in Geheim! Hoe sa, wat dan? Dat sis ik net, oars wie it gjin Geheim. Ik tink dat it freed wol yn ‘e krante komt. It hat mei skriuwen te krijen. Jo kinne der fan útgean dat alle opgarre tinzen […]