Cornelis van der Wal

Moanne: febrewaris 2013

  • Kuch bamy

    No, ik haw in nij gassteltsje hear. Nee, net tanksij myn *kuch* trouwe lêzerkes. Ik haw sels ien fia Marktplaats op ‘e kop tikje moatten… It falt my al wat fan jim ôf, moat ik sizze. Ik sil wer ris wat freegje. Moarn sil ik bamy meitsje. Dus. En jim binne NET wolkom om mei…

  • Hjir sil it barre

  • Elektryske guozzen

    Net foar it earst – mar wol foar it earst yn myn  nije wente – sit ik út te sykjen wat no de ideale wize fan skriuwen is. Ja, in guozzefear kin altyd noch… Myn nije bondel (der binne al aardich wat gedichten klear) wol ik yn elts gefal net yn earste ynstânsje op in…

  • Grytsje Kingma yn de top 10!

     

  • Bruckner: Symphony No.9 – Haitink

    [youtube]http://www.youtube.com/watch?v=oPdilg69cqk[/youtube]

  • Lekkel elektlysk

    Hmm lekkel, eins wer sels itensiede. Ik hie myn gasstel fuortsmiten yn Snits, ik tocht dat ik yn de twaddehânssaken hjir yn Ljouwert wol in  nije keapje koe. Dat falt oant no ta ôf! Dat ik haw foar in tientsje in twapits elektrysk itensiedersding by de Action kocht. Dêr stiet no in stoofpantsje op te…

  • Ferneamde Friezen by presintaasje bio Ab Visser + updeet

    Dichter, blomlêzer en filosoof Pier Boorsma en Pieter dwers de Groot binne spot by de presintaasje fan de biografy fan Ab Visser. Neffens my komt Pier ek yn dat boek foar, of hat de sensuer wer taslein? Updeet: It stoute keardeltsje Peppelenbos woe net dat ik dy foto hjir delset, dat ik haw him ferfongen…

  • Nijsgjirrige poppe

    No sa. In grut part fan it nije hûs al aardich ynrjochte. Lykas altyd mei in ferhuzing tink ik: wat in nijsgjirrige boeken haw ik dochs, dy moat ik lêze… En… dan ferdwine se wer yn ‘e kast. Oant… De lûdsapparatuer ek oansletten, moaie akûstyk hjirre. Ek moai is it folgjende muzykstikje. Fûn by Kicking…

  • Fryske Bewegers

  • Community

    No jûh, de Moanne hat it ynternet ûntdutsen. Moai op ‘e tiid, no. De Moanne is in produkt. Se wolle de community fierder groeie litte. Aldergeloks wit ik net wat soks betsjut. En se wolle dêr ek mear Frysk skriuwe. Neffens my krije se dêr ek subsydzje foar. Net foar dy Hollânske stikken. En mei…