Cornelis van der Wal

Moanne: maaie 2013

  • Unfatsoenlike Gysbert

    Net elkenien is lokkich mei de proseduere om de Gysbert 2013 hinne. ‘De PC Hooftpriis wurket ommers ek net mei nominaasjes’, sa hearde ik juster in ferneamd Frysk skriuwer sizzen. En it is ek hiel eigenaardich en eins planút ûnfatsoenlik dat de nominearren net op ‘e hichte brocht binne. Dy moasten it nijs fia internet…

  • Wa wint de Gysbert 2013?

    Nije poll, lofts boppeoan de side. Dus. Stimme mar!

  • Shortlist

    No sjoch ris oan, de shortlist foar de Gysbert stiet online. Aparte kar, sa op it earste gesicht. Twa deade dichters en twa dichters dy’t al earder in Gysbert wûn hawwe. De sjueryleden binne allegear *kuch* grutte poëzijkenners, dêr kin it net oan lizze. Dit efkes koart as earste reaksje. Nee, gjin Knilles op de…

  • Swartboek Twangarbeid

    Rapport oer de twangarbeid dy’t se yn in grut part fan Fryslân hiel gewoan fine. En ja, der stiet ek in tekst fan my by. [gview file=”https://www.wegmetderandstad.nl/wordpress/wp-content/uploads/2013/05/20130525-Tewerkgestelden-Aan-Het-Woord.pdf” force=”1″]    

  • Utsjoch

  • Nei Dokkum en werom

    fytst

  • Opera Spanga… tsja…

    Hmmm… Ik siet al wat mei de eagen te knipperjen doe’t ik dizze folder fan Opera Spanga lies: ‘De Friese Holtenius ziet de aanwezigheid van buitenlanders als oorzaak voor de ondergang van zijn boerenbedrijf. Hij wil niets te maken hebben met de liefde van zijn zoon Romeo voor de Noord-Afikaanse Julia.’ En sa fierder. Is dat net……

  • Daft poetry

    Heden, wat no wer. Knilles oan de disco? It liket hast al sa… De nije Daft Punk haw ik ôfrûne nacht trije kear draaid, en hy wurdt eltse kear better. Mar it is net allinnich disco, jo hearre ek djippere lagen. Yep, it album is ôfgryslik hyped, mar dêr wurdt it net minder fan. Under…

  • Dwers protest

    Heden, moai dat Pieter de Groot my yn syn  Dwers fan hjoed efkes neamt as ien fan de earsten dy’t yn ferset kommen is tsjin de ‘nije stavering’. Dat die ik op dit plak. Daam de Vries seach it swurk ek al rillegau driuwen. Oaren wiene hjir wat stadiger mei, mar hawwe no al in…

  • Jan Arends