Monthly Archives septimber 2013

Nije Poll oer Boekefeest

Myn miening oer it ôfrûne Boekefeest mei dúdlik wêze, mar wat fine jo? Jo kinne stimme. Myn foarige poll hat in grutte impekt hân, mei’t de Gysbert-sjuery de útslach oernommen hat. Dit is de definitive útslach. Stimme op de nije poll kin op de foarside, loftsboppe.

Foar wa’t it mist hat

In nij gedicht op ensafh. En in filmke, it lûd op ‘e eftergrûn is fan jo *kuch* nederige tsjinner.

Ofgryslik saaie petearen

Geweldich! De Gysbert 2013 is foar Jacobus Smink! De sjuery koe net om myn poll hinne, sa docht bliken. Dizze bekendmakking wie juster eins it iennige hichtepunt fan it jierlikse Boekefeest yn Tresoar. Ofgryslik saai wiene de petearen dy’t laat waarden troch Karen Bies. Bies wie bepaald net yn topfoarm. In ferneamde eks-radiofrou sei letter: […]

Myn foarsizzing foar de Gysbert

It wurdt Eppie Dam. Dus. De iennige fan de 7 kandidaten dêr’t ik de bondel (noch) net fan lêzen haw. Dat sa.

It nije Bamymuseum

Ja, ik hie ek in útnoeging krige foar de besichtiging fan it nije Fries Museum. No bin ik net sa’n grut kenner fan de byldzjende keunst, literatuer en muzyk komme earst. Ik fûn it net ûnaardich, it nije museum, mar haw ek neat ferrassends sjoen, wat de kolleksje oanbelanget. En dy treppen binne yndied al […]

Guided By Voices – Bee Thousand

Magistrale plaat!

ensafheest 04-10-13

Freed oankommende is it Fryske boekebal. Dat witte jim. Wat jimme lykwols net witte, is dat dat in opwarmerke is foar in noch moaier feest, nl. it ensafhfeest. Ja, ja, no’t ús haadstêd  in kulturele boppeslach makke hat, of skynt te hawwen (dat lit ik oan elkenien sels oer) hawwe wy by de redaksje ek […]

Mail nei oanlieding fan in útnoeging fan Tresoar

L.S. Tige tank foar de útnoeging om de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2013 by te wenjen. Lykwols: ik kom net. Yn it foarste plak omdat ien fan de sjueryleden it nedich fûn om my út te skellen op Facebook. Jantsje Post mei har ‘Van der Kwal’. Ik mien fierders dat de sjuery net kompetint […]

No sa, dy hat der àl ferstân fan

Klaas van der Hoek yn de Moanne: ‘En hoe hie myn listje derút sjoen as ik kieze kinnen hie út de groslist yn stee fan de shortlist? Op de groslist steane ommers ek noch – ik doch mar in greep – Granytglimkes fan Elmar Kuiper, De trektocht fan Albertina Soepboer en Kristus Pavlov fan Cornelis van der Wal…’  

Kultureel bakje

No sjoch ris oan, Ljouwert wurdt Kulturele Haadstêd. Dat hat fansels alles te krijen mei it feit dat Knilles wer yn syn bertestêd wennet. Nee, grapke fansels, mar ien as -dêr hast him wer- Abe de Vries mient al dat er heechstpersoanlik ferantwurdlik is foar dizze útferkiezing. It wiene krekt figueren as Abe en loftfytser Henk […]