Monthly Archives desimber 2013

Ikon of light, John Tavener

Portastudio

Yep, sûnt ferline wike haw ik him yn ‘e hûs: de TASCAM 424 Portastudio. Mei kasettebantsjes as opnamemedium dus. Ja, dy besteane noch. Der sit in hiel moai, waarm lûd yn. Dizze apparaten binne hiel goed te beteljen tsjintwurdich. Dat, Knilles goes retro. Der komt noch mear, wat âlde muzykapparaten oanbelanget. Marktplaats en Ebay sitte der […]

Ik bin de Dea

Would-be Bamy

Wurden as nimmen, benammen en faaks hat Abe de Vries net brûke wold yn syn oersetting fan Ynferno fan Dan Brown. Ja, dat faaks sei er net yn it LC petear yn de Freed fan juster, mar hat Abe lêst op syn Facebook skreaun. Apart, ik fyn faaks en benammen hiel gewoane wurden, net eat dat […]

Fryske sneks

De DBNL hat ek wol Fryske boeken online stean. Bygelyks in hiel nijsgjirrich boekje fan Theun de Vries: Fryske stilistyk. Jo fine it hjir, en it is ek del te laden. Ek it ‘Algemeen Nederduitsch en Friesch Dialecticon’ fan Johan Winkler is beskikber. Hiel aardich om dêr ris om te sneupen. Mar it is lang net […]

Guided By Voices – I Am A Scientist

Eroatyske bestseller Aly Bottema: Myn swypke

Mingd nijs

Fannemoarn in ferhaal ynsprutsen foar de Ljouwerter ‘stadsproducers‘ Jacco de Boer en Daan Levy. Ik wie de earste! ik wit net hoefolle oaren hjir foar frege binne… Yn elts gefal: it ferhaal komt op in kassetebantsje en sil op in ludike wize ferspraat wurde. Nee, it wie my net ûntkommen: Abe de Vries wurdt einredakteur by it […]

Dinosaur Jr. – Beyond (Full Album) 2007

Samle snorremantsjes

Ik kin it net weromfine, mar sa’n tsien jier lyn (skatting, kin langer lyn wêze) stie der ris in wiidweidich artikel oer de filosoof Nietzsche yn de Moanne. Mar ús snorremantsje syn namme waard hieltyd as ‘Nietsche’ skreaun. It hiele artikel troch. Dan kin ik it al net mear goed lêze, dan nim ik it […]