Moanne: maaie 2014
-
De fine fleur fan de Fryske Literateur
Ik hie noch wat foto’s oer fan myn reportaazje fan ôfrûne snein. It soe skande wêze om dy net efkes sjen te litten. Ik jou mar gjin kommentaar by de plaatsjes. Better fan net. Klik op de foto’s foar in grutter byld. Wy hawwe nasy iten.
-
Foar wa’t him noch net sjoen hat: Lettergek, mei Klaas en Jan Jansma
-
Hans Pfitzner: Die Rose vom Liebesgarten
-
Taalpizza
Der binne de lêste moannen twa leptopkes ferstoarn, hiele âlde bistkes. Nee, de Toshiba t1910 docht it noch! Aldergeloks haw ik wol myn dokuminten bewarre… Dat soe oars in ramp foar de Fryske Literatuer wêze, no! In twaddehâns dinkje kocht mei Windows 7 der op. Dat gie fierstente stadich, dat Xubuntu der opsetten, mei yn…
-
D.A. Tammingapriis
No, sjoch ris oan. Jo razende reporter hat alwer in ferslach makke. Jo fine it op ensafh. Klikke mar! Wy hawwe pasta mei saus en raspe tsiis iten.
-
De Stien fan fan Jacobus & Man en Mem fan Elske
No sa. Fannemoarn twa literêr-kulturele evenmeninten meimakke. Earst de ûntbleating fan de Stien fan Jacobus. ‘Tongermolke yn blik’ hjit it fers, en, yndied, it tongere ek werklik in bytsje, yn ‘e fierte. In stikmannich foto’s makke. Jo fine de stien op ‘e hoeke fan ‘e Wirdumerdyk. Dêrnei hiene wy de presintaasje fan Elkse Kampen hat…
-
Pieter de Groot: side Tresoar doalhôf
No, sjoch ris oan, Pieter de Groot hat ek stevige krityk op de nije side fan Tresoar. Dêr haw ik ik ek al it nedige oer skreaun. Sitaat út de LC: ‘Gjin kwea wurd oer de nije útris fan de Tresoar- webside, mar de tagonklikens kin better. Yn de âlde ferzje koene jo op de…
-
Georg Trakl „Musik im Mirabell”
Georg Trakl is 100 jier lyn ferstoarn, yn 1914 dus. Der binne in stikmannich nije boeken oer dizze fassinearjende Eastenrykse dichter útkommen, ik haw der twa fan yn ‘e hûs. Letter mear hjiroer!
-
Under de âldste beam fan Ljouwert!
Ja, wy wenje op in daaldersk en histoarysk plakje…
-
Lêste nijs: Abe werom by it FD!
No is it riedsel fan it fuorthelle bloch (sjoch juster) ek oplost… Ik haw it út tige betroubere boarne… It bliuwt lykwols… Och, lit mar… Lekker lasanje iten.