Cornelis van der Wal

Moanne: juny 2014

  • Tromp mei fakaansje

    Moaie resinsje, jawis, alwer in Frysk boek besprutsen yn de Ljouwerter. Dat komt faaks om’t de kollum fan Pieter de Groot der net ynstiet om’t er mei fakaansje is. Ja fakaansje, sa stiet it it ôfprinte. Sa stie it der ferline wike ek al yn. Wie tink noch net ien opfallen. Wêr haw ik it…

  • ‘Hoi’ seit de hin

    Ik wie juster efkes yn Tresoar, boeken ynleverje en liene, jo kenne it wol. Nim ik oan alteast. Efkes yn de katalogus omstrúnd, ja, yndied, de katalogus dy’t sa goed ferstoppe is op de nije side fan Tresoar. En mei klachten hjiroer wurdt neat dien. No, hy stiet hjir dus. Mar hawar, ik seach ek…

  • Fernando Lisboa

    Lju dy’t my op Facebook as freon hawwe, dy wisten it al: ik haw in pear dagen yn Lissabon west. In hiele belibbenis, mar eins fierstente te koart. Ik sil jim net wurch meitsje mei saaie fakânsjefoto’s, op in pear nei. O ja, ik haw ek foar it earst flein, mar dat stelde it measte…

  • Amália Rodrigues: Fado Português

  • Identitêre Rommert

    No, sjoch ris oan: dochs in Frysktalich boek besprutsen yn de Ljouwerter krante. Rommert Tjeerdsma syn ‘Ferliezers’ kriget 3 fan de 5 stjerren fan besprekker Doeke Sijens. In sitaat út it besprek: ‘De bedoeling fan de skriuwer sil west ha om it mei dit boek no ris foar de ‘ferliezers’út de oarloch op te nimmen. Joaden,…

  • Grinzer foarside LC + updeet

    Ik haw sels sawat 18 jier yn Grins wenne, dat ik wit wol wat fan de mentaliteit dêre. Moaie stêd oars! Dêr giet it net om. Lykwols, dat de Grinzers de Ljouwerter Krante sawat oernommen hawwe noasket my alhiel net. Op ‘e kranteredaksje wurde de ‘Friezen’ hieltyd mear oan kant skood, dat wurdt besocht alteast.…

  • Utgong

    Muzyk by it fers ‘Utgong’

  • Hotsum: where art thou?

    Om mar wer ris in tear en sear punt oan te reitsjen en mar wer ris op in oantal al as net krûme teannen te stean: wer bliuwe dy útjeften fan HotSum eins? Mei ik dat freegje? Ja, dat mei ik freegje. It like sa moai: in nije útjouwerij foar Fryske poëzij en essays, mar…

  • Knilles yn ‘e Aldehou

    Justerjûn foarlêzen yn it lytse en smûke theater yn ‘e midden fan ‘e Aldehou. Hjir in pear foto’s, makke troch Dinie Postma.

  • Harkje Bliksem! Bobke Dillema!