Monthly Archives july 2014

Scriabin/Nemtin, Mysterium

De Folksfrieun

Komme jim wolris op archive.org? In wrâld oan prachtige boeken, bygelyks it tige nijsgjirrich psychiatrysk wurk fan Krafft-Ebing. Mar ek in hiel soad biografyguod en sa. En poëzij. Ik lês sokke teksten it leafst as pdf op myn Aaipet, liket folle moaier as op de Kindle. Net allinnich boeken nammers, ek byldmateriaal en… Sjoch sels […]

Martin van Lommel

De ‘helden’ fan itnijs.nl

Haha, in hiele *kuch* aardige diskusje mei de reagearders fan itnijs.nl. De ‘helden’ doare allinnich ûnder in skûlnamme te reagearjen. Sjoch hjir en doch mei! http://www.itnijs.nl/2014/07/j-j-de-kom-10/#comment-36500

Mahler – Symphony n°3 – NYP / Bernstein

It Nijs swijt

Dizze mail stjoerde ik fannemiddei oan it ynfo-adres fan Itnijs.nl. Hoessein jo? Nee, gjin reaksje krigen… Achte bewegers, jim hawwe it grif meikrigen: jim cartoons mei ‘grappen’ oer de resinte fleantúchramp hat foar in soad protesten soarge. Ien fan dizze ‘artistike’ kréaasjes hawwe jim yntusken fuorthelle. Dat is op himsels moai, mar ik wachtsje no […]

De nijste Duo von Däniken, mei Tryntsje Post!

Jazz by Omrop Fryslân! Hjoed in âlde opname (1973) út de Brouwershoek te Ljouwert fan Tryntsje Post, de jong ferstoarne sjongeres. Klik hjir.

En dan hawwe wy dizze ek noch

http://www.itnijs.nl/2014/07/j-j-de-kom-8/ Hy wie my ûntkommen, mar it liket my it wurk fan deselde ‘artyst’ fan it no (sjoch foarich blochke) fuorthelle berjocht.. Ek wer in ‘grap’ oer de fleantúchramp. Oer de rêch fan John Jorritsma hinne. Dat wy dat noch belibje moatte, dat ik in Kommisaris fan de Kening ferdigenje… Yndied, minder walchlik as de […]

It Nijs.nl: efkes laitsje om in fleantúchramp + updeet

Nee, ik lit it plaatsje hjir net sjen, mar ik haw it fansels al opslein. Wêr giet it om? By it Nijs.nl fine se dat wol grappich, sa’n fleantúchramp. Hjir is de link. Om te spuien. Updeet Foar it gefal It Nijs it plaatsje fuorthellet: ik haw it hjir delsetten. Ik fyn it wichtich om […]

“The Sea Limits” by Dante Gabriel Rossetti