Monthly Archives septimber 2014

Stien mei fakânsje

Moai no, dat oersjoch fan nije boeken op de side fan Sirkwy. It hellet it net by de ensafhrubryk ‘Nij op ‘e planke‘, mar se dogge har bêst, dêre. Miende ik. As jo in flaterke fûn hawwe, sjoch boppe, en jo reagearje dêrop, dan wurdt der hielendal neat oan dien… Faaks binne se dêr noch […]

Richard Strauss “die Frau ohne Schatten”

Juf Junior

Ik lies niiskrekt fia it treflike literêre tydskrift ensafh.nl in nijsgjirrich blochke, fan in sekere Janneke de Boer. It gie oer de Rely Jorritsmapriis Junior. Wat my benammen opfoel dat wie de folgjende passaazje: ‘Sûnder dat Roelof en syn klasgenoaten it yn ‘e gaten hiene, wiene sy opjûn foar de Rely Junior priisfraach troch harren […]

Knilles NET op it Boekefeest

Foar guon in teloarstelling, foar oaren in gerêststelling: ik kom moarn net op it Boekefeest! En dan net fanwegen in boycott of sa, mar om’t ik hjir noch hiel noflik op in kemping oan de Iselmar sit… No noch allinnich, mar moarn komt myn Muze wer… It skriuwen giet hjir nammers hiel goed. Ris sjen […]

Carolyn’s fingers – Cocteau twins

Jarich Bamy

‘Ik hâld de Fryske literatuer yn it algemien wol goed by. Durk van der Ploeg mei ik wol graach lêze, it iene boek mear as it oare. Gedichten mei ik ek graach lêze, Cornelis van der Wal fyn ik in hiele goede, orizjinele dichter. Him kin ik noch út de tiid by de Akademy, hy […]

Where Once Poe Walked by H P Lovecraft

Tresoar docht saken mei dubieus figuer

Hoe Sadat? No, sjoch de ûndersteande skens út de Volkskrant fan hjoed mar. En dy gearwurking hat te meitsjen mei HotSum: HotSum is de naam van een nieuwe uitgeverij, die zich gaat specialiseren in Friese poëzie en essayistiek. Oprichters van HotSum zijn Ytsje Hoekstra, Gerben de Vries, Jetske Bilker en Abe de Vries. HotSum gaat samenwerken met […]

Pierre Henry – Le voile d’Orphée I

Swalk: gjin Frysk op sosjale media

Hiel aardich hear, dat Swalk. It wol it Frysk promote, Frysk op toernee, is it biedwurd: ‘In nij, rûnreizgjend festival giet troch Fryslân. Mei SWALK giet de Fryske kultuer letterlik op toernee. Nei de iepening op 12 septimber yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert, fart it Frysk mei theaterskip Bald’r troch de provinsje. Fan 13 oant […]