Monthly Archives febrewaris 2015

Flauwe nasy

In nij weblog, altyd moai, no. Nee dus. ‘De AyO-tún: inkijkjes in het leven van Akademy-promovendi.’ Dochs tige spitich dat dizze promovendi gjin Frysk skriuwe kinne of wolle. Dat sille de ‘gelearden’ grif in taaltsje fine om op del te sjen, se hawwe de selde mentaliteit as de redakteur fan de Ljouwerter Krante Philipus van […]

Stimwizer…

Jawis, ik haw de Stimwizer oftewol de Kieshelp al efkes ynfold. Bah, de PVDA stiet boppeoan, mar dêr stim ik wiswier net op! Haw ik ek noch nea dien… SP of FNP, dêrtusken twifelje ik noch…

Hahahaha!

Rûge Neo

Jawis, ik haw der ien. Alwer in nij skriuwapparaat. Retro fansels. Mar handiger as dit bestiet net. De Neo, fan Alphasmart. Rint op batterijen, dy’t wol in jier meigean. Foar editing net sa geskikt, mar foar it rûge skriuwwurk is it ideaal!

Poëzijbesprekken Eppie Dam bywurke

Piter Boersma: Liet fan it fjild Aggie van der Meer: Tei-iizje / Lok-azen Klik hjir foar de folsleine list

Fers2 komt mei nije layout!

It is net te leauwen, sa prachtich! Klik hjir!  

Puccini: Tosca

Ieuw wiuw wei!

No, lit ik ris wat posityfs skriuwe oer Tresoar! Ik wie dêr ôfrûne freed foar nije boeken, en seach ek foar it earst it risseltaat fan de ferbouwing. In hiel tal wurkplakken derby op de boppeseal, it sjocht der hiel moai út. My tinkt, dat Knilles dêr wol gauris sitte sil, want ik bin dwaande […]

Brother snow

Ha! Bûten falt no in moai pak snie, hoopje dat it efkes lizzen bliuwt. Yn ‘e hûs oan it retro skriuwen, mei de Brother LW 710i. Neat gjin staveringshifker, mar it wurdboek!

‘e eh…

Jawis, ik haw ek efkes op Taalweb sjoen, en om earlik te wêzen, bin ik net sa ûnder de yndruk. Lês oars Daam syn stikje ris, ik kin it wol mei him lykfine. De oersethelp liket yn elts gefal nearne nei. It wurd ‘e hawwe se by de Akademy noch nea fan heard… It makket […]