Monthly Archives maart 2015

EO’ers yn ‘e aow

Efkes oanklikke foar in goed byld Alsa de Ljouwerter krante fan hjoed. Ik haw it fan Facebook oernaam. No woe ik ôfrûne sneon ek graach it tekstboekje fan de lêzingen op it Sympoasium keapje, mar ik hie gjin cash by my. Ik bin oars tige benijd wat Reitsma ûnder persoanlike oanfallen ferstiet. Sitaten graach! Ik […]

It Y-Skrift fan Skanomodu: platfoarm foar oersaaie jongerein

Justermiddei, 28-03-2015, wie ik, as ûnôfhinklik blogger, oanwêzich by it ‘Sirkwy Sympoasium ‘Fryslân en de wrâld 2.0. Jonge Friezen mei kulturele ambysje’. Ik kin mis wêze, mar neffens my waard ik troch de lju fan Skanomodu wat mei in skean each oansjoen. Dat fansels fanwegen myn ‘ûnthulling‘ okkerlêsten fan harren Y-Skrift. Lykwols, hoe is dat […]

Fryske ferskes

Frysk Deiblêd: skamteleaze selspromoasje Abe de Vries

Fannemiddei lies ik in hiel apart krantestik fan in sekere Abe de Vries. It stiet yn it Friesch Dagblad fan sneon de 21e maart 2015. It is in foarpublikaasje fan De Vries syn foardracht fan ankom sneon, op it Sympoasium yn de Koperen Tún. Neist al lang bekende feiten oer Douwe Kalma hat De Vries […]

Side Skanomodu twatalich? + updeet

No sneon sil de nije side fan studinteferiening Skanomodu de loft yngean. Mar neffens my stiet it saneamde Y-SKrift al gewoan online. Niiskrekt hawwe se in Hollânsktalich artikel pleatst. Jawis, it giet oer it brûken fan it Frysk, mar wêrom dan sels gjin Frysk brûke? Wie it te dreech? Of wurdt hjir de drogreden brûkt: […]

Mahler “Urlicht”. Bernard Haitink, Aafje Heynis

Jongfryske bamy

Jawis, jo eigen Knilles leveret ek in bydrage oan de betinking fan it feit dat it 100 jier lyn is dat de Jongfryske Mienskip oprjochte waard. Sterker noch: ik bin sels al in moai skoft lid fan dizze beweging. It ledeblêd Lyts Frisia hjit sûnt koart Nij Frisia. It sjocht der wat better út as earder. […]

Riedsel!

‘It gie sa. Wy sieten yn de kroech en misten in moai Frysk literêr tydskrift.’ Wêr stiet dizze rigel? Jo krije gjin priis…

Jiskefet – De Dienst – Writers Block

Profetyske wrap

Ja juh, ik wie wat in flau grapke fan my, dat Fers2 stopje soe. Mar ik moat myn eigen profetyske jeften net ûnderskatte, want der is noch altyd gjin nije ôflevering online setten. Wat stiet der yn de ‘statuten’ fan fers 2? Fers2 ferskynt ien kear yn de twa wike op it ynternet as www.fers2.eu. […]

Videos, Slideshows and Podcasts by Cincopa Wordpress Plugin