Monthly Archives april 2015

It Mienisme

Faaks moatte jo efkes op it plaatsje klikke

Moderne Mistyk…

Klaas Heidegger

Hjoed op Literêr Tydskrift ensafh in petear dat Klaas Jansma hâlde mei de nije deputearre fan kultuer Abe Riginal. Hjirûnder in oare klassiker fan Duo von Däniken!  

Besprekken Eppie Dam bywurke

De poëzijbesprekken fan Eppie Dam yn de Ljouwerter Krante binne bywurke mei resinsjes fan de nijste bondels fan Jan Kooistra en Albertina Soepboer. Klik hjir foar it oersjoch.

Detlev von Liliencron: Poggfred

Hy is tink in bytsje fergetten, Detlev von Liliencron, mar dat is net terjochte: Ich habe im Poggfred gelesen, diesem göttlichen Feuilleton von einem Epos, diesem leichtesten, glücklichsten, kecksten, freiherrlichsten Gebilde der modernen Literatur. (Thomas Mann, 1904) Lês hjir fierder. Jo sille net teloarsteld wurde. Mar… wachtsje, dat is ek sa, jo kinne gjin Dútsk lêze. […]

“Der leuchtende Fluss” von Johanna Doderer

Fers2: net geskikt foar mobyltsjes…

Sjoch hjirre ris Friduwih!: https://www.google.com/webmasters/tools/mobile-friendly/?url=fers2.eu  

Waling Gaos

Heden, alwer in ôflevering fan Fers2! Dan begjint de wike goed, kin net better. Wy wurde mar ferwend! In hiel aardich stik fan Abe de V. hear, oer Waling Dykstra. It essay fan Friduwih R. is stilistysk bepaald gjin masterwurk. It giet oer de digitale Fryske tydskriften, wol’k leauwe, en dan komt fansels ek ensafh.nl […]

Post-gehak

Och ja, dochs efkes trochgean op dat ‘Mienisme‘. Efkes koart, dan wol ik der ek gjin wurd mear oan smoarch meitsje. Meindert Reitsma mient dat der yn de Fryske literatuer soks west hat, of noch is, as post-modernisme. No, Meindert, fierwei de measte Fryske skriuwers hawwe dêr noch nea fan heard, lit stean dat se […]

Metaltsjerke

Justerjûn in Black Metal konsert besocht, fannemoarn in prachtige Peasketsjint yn de Bonifatiustsjerke meimakke. It kin allegearre.

Videos, Slideshows and Podcasts by Cincopa Wordpress Plugin