Cornelis van der Wal

Moanne: juny 2015

  • audiomux

    Dat mei gerêst in revolusjonêre útfining neamd wurde: Audiomux. De Ipad oan de pc keppelje en brûke as plugin. Ik bin efkes dwaande! Pankoeken iten.

  • Nordic Bosk

    In kuierke makke troch it Ljouwerter Bosk. Spitich dat de beammen allegear sa symetrysk plante binne, dat liket net al te natuerlik. Aldergeloks hat de Sinteklaasstoarm fan 2013 dêr aardich yn omreage: Bylden fan it ferwoaste bosk binne ek ferwurke yn de lange videoklip fan Duo von Däniken: Nordic Walkmen.   Wy hawwe hjoed patat,…

  • Francis Poulenc: STABAT MATER

  • Literêre fytstocht op ‘e klaai

    Ja minsken, der komme tige hite dagen oan, jim wisten it al. Ik kin der wol aardich oer, mar sjoch der net nei út. Earjuster wie it moai, net al te waarm fytswaar, dat ik bin fia Deinum, Dronryp, Bitgummole, Ingelum en Marsum wer yn Ljouwert bedarre. Underweis seach ik Sito Wyngaarden fytsen, yn Bitgummole.…

  • ‘Fan bûgjen frjemd?’ online

    No, de doku ‘Fan bûgjen frjemd?’ stiet al online! Mei û.o. jo eigen Knilles. http://www.omropfryslan.nl/utstjoering/fryslan-dok-fan-28-juny-2015-1700

  • Eigenaardige gearkomste

    Fannacht frij eigenaardich dreamd: der wie in soarte fan gearkomste by ús thús, mei yn elts gefal Abe de Vries en Eppie Dam. Neffens my wie Geart Tigchelaar der ek by, mar dy feroare letter yn in oar, ûnbekend persoan. Abe woe gjin alkohol as cola hawwe, mar ik hie neat oars. En Eppie sei…

  • Fryske identiteit…

    Ik seach dat de trailer ek al op ‘e tillevyzje útstjoerd wurdt, dat ik kin net mear feilich oer strjitte… Bin hiel benijd wat der brûkt is fan de opnamen, wat der al as net útknipt is… http://www.omropfryslan.nl/utstjoering/fryslan-dok-fan-28-juny-2015-1700 Pasta iten

  • Fryske vogala!

    Moai no, dy ûntdekking fan tige âlde Fryske teksten! As it my net mist, dan binne dizze teksten âlder as it ferneamde ‘Hollânske’ Hebban olla vogala, dat de Hollanners kinne har tenei better de bek hâlde oer it Frysk. Der hawwe nei alle gedachten noch folle mear âldfryske teksten west, mar de protestanten fûnen it…

  • Fitamine blasé

    In hiel aardige presintaasje fan Sjieuwe Borger syn Eksamenjier juster! It wie yn it Hearrenfean, dat is fansels wat minder, mar it Paul Krugercafé mei der wêze. Wy hawwe it boek oanskaft, ik bin benijd. It moaiste fan alles wie fansels, dat ik Elske Schotanus wer ris fan tichtby seach. Like soer as altyd, hearlik!…

  • Unlêsbere patat

    No juh, dêr wie ik al wer. Efkes oer Fers2. In koarte analyse: it binne hieltyd deselde trije, fjouwer skriuwers dy’t bydragen leverje en de styl fan Friduwih Riemersma is ûnlêsber. Dat sa. Wy sille no aanst nei de presintaasje fan Sjieuwe Borger syn nije roman. Faaks moarn wat foto’s. Doei! Jûn ite wy patat.