Monthly Archives septimber 2015

Sibelius : Symphony 4

Gjin Boekefeest!

Nee, ek dit jier gjin Boekefeest foar Knilles. Wy sille mei de Caravan nei it Djippe Suden (fan Fryslân)… En wa’t de Gysbert dit jier kriget… It sil my in woarst wêze. Ik doar nammers wol de foarsizzing te jaan dat it Koos Tiemersma wurdt. Nee, dat bespotlike pseudonym krij ik net út ‘e pinne… […]

Foute weromfyts

In moaie slach slein by de weromfytswinkel. Foar € 3,50 meiïnoar. Wêr soe dat boekje fan Jan Melles van der Goot weikomme? Ien as oar Fout Frysk Strider? Faaks efkes op de plaatsjes klikke. Apart, dat efterkaft…

Dagen fan de Fryske hamburger

Ja, dat wie my wat, dy Dagen van de Friese Literatuur  yn Amsterdam, dêr’t allinnich mar Friezen op ôf kamen. Fjouwer kear soe it heve, dêrnei binne se der mei stoppe, it wie in grutte mislearring. De Hollanners hiene der alhiel gjin ynteresse foar. Yn 2008 skreau ik der al oer, sa seach ik niiskrekt. […]

Lekkere stazjêre

Goeie jonges en famkes, ik kom der no efkes net oan ta, mar moarn  in histoarysk blochke oer Teake O. en Abraham de S. Sjoch oars ek ris de reaksjes fan Josse de H. op myn Dijsselbloem-stikje. Mar efkes wat oars: wêrom stiet der op de side fan Sirkwy noch hietyd AGENDA ynstee fan it […]

The Ballad of Reading Gaol – Oscar Wilde

Prokofiev / Eisenstein – Ivan De Ferskriklike

Tresoar slikket de skuon fan Dijsselbloem

Swalk, en dat is dus Tresoar, hat dit jier as Kadoboek in oersetting fan in Bommelboek. Dêr haw ik al earder wat oer skreaun, lês mar. It komt der op del dat ik it mar nuver fyn dat der gjin oarspronklik Frysk literêr wurk útkeazen is. Of wiene de Fryske skriuwers op? Alle respekt foar […]

By Sirkwy.nl hawwe se it Frysk ek al ferleard…

Leave berntsjes, sjogge jim de flater? Stjoer jim oplossing mar nei Teake O. ta. Efkes op it plaatsje klikke, no.  

Georg Trakl: Kaspar Hauser Lied