Monthly Archives febrewaris 2016

Diskette iten

No minsken, myn nije bondel is de doar út. Nee, net mei de diskette ferstjoerd hear… Ik neam noch mar efkes gjin titel… Dat betsjut oars net dat ik neat mear te dwaan haw…De literatuer hâldt gjin skoft, no. Jo hawwe fansels al myn wurk yn ‘e hûs… Sa net: hjir kinne jo myn twadde […]

De nije X-files

Fansels wie ik ek benijd nei de nije X-Files, en it foel net ôf. Ik haw fannacht de earste fjouwer ôfleveringen sjoen. De tredde wie wat flau, mar fierders fûn ik de kwaliteit bêst genôch. Allinnich klinkt Fox Mulder syn lûd wat nuver, hy praat oft dat er tige wurch is. No ja, faaks komt […]

Problemen mei stokbôle

Heden, hat de gryp my ek al te pakken. Oare jier dan dochs mar in pripke helde by dokter,  jo wurde in dei âlder, no. Oer syktes praat: hjirûnder myn yn 2009  makke klipke nei oanlieding fan de ôffalûne te Harns. Ik jou ta, it duorret wat te lang, it muzykje, mar it is noch […]

Tresoar: Workshop mei Portugeeske dichters yn Stadsschouwburg De Harmonie

Wisten jo dat Tresoar ek in fideokanaal op YouTube hat? Nee, tink, want der wurdt gjin promoasje foar makke. Ik kin it alteast net op harren side fine, mar dat kin oan my lizze. Lit my dan mar ris wat oandacht jaan oan de ‘Workshop mei Portugeeske dichters yn Stadsschouwburg De Harmonie.’ Oant no ta […]

Yn de werhelling: Ik tink net oan dy

In fertrietlik lietsje fan Knilles… Tsjek ek de nije Duo von Däniken, bliksem!  

Melklokaal opwaarme

Justermiddei wiene wy by de iepening fan Anne Feddema syn útstalling, yn it Melklokaal yn it Hearrenfean. It wie tige drok! Hjoed waard skriuwend Fryslân ferrast troch dit berjocht. ‘Tresoar siket Fryske skriuwers foar Europeesk útwikselingsprojekt.’ In net ûnaardich projekt, moat ik sizze. Mar ik doch net mei. It duorret foar my oan ‘e iene […]

Milhaud – Le boeuf sur le toit

Dissonant kin ek fleurich wêze! ‘Or “The Ox on the Roof: The Nothing-Doing Bar,” 1920 ballet to a scenario by Jean Cocteau. Score of the piano duet transcription by the composer.’  

Hotsum: wêr bisto?

No’t wy it dochs oer útjouwers hawwe: hoe soe it eins mei Hotsum/de Contrabas wêze? Ik kom hjir op nei it lêzen fan dit kreaze besprek fan Aggie van der Meer har ‘Tei-iizje / Lok-azen’, útjûn troch dizze komby. Op de side fan de Contrabas stiet noch hieltyd in banner dy nei in wordpress-side fan […]

Nije bondel

No juh, it is hast safier: de nije dichtbondel is sawat klear. Sil der noch in pear dagen mei ompiele, mar dan stjoer ik it manuskript nei de útjouwer. It folgjende fers komt der yn elts gefal yn te stean, tegearre mei 32 oare gedichten. Wy hawwe pasta iten. Omheech yn it stof In keamer […]

Algemiene artsy-fartsy

Hjoed wie ik foar in koart ûndersyk wer ris yn Tresoar, dêr’t as it goed is ek noch it FLMD sitte moat, mar ik kin it net fine… Lykas earder sein fyn ik de nije wurkplakken boppe tige slagge, der hearsket in rêstige sfear, folle better as yn it Stadsstudiecentrum yn de iepenbiere Byb. Dêr […]