Monthly Archives april 2016

Kommentaar by waarm iten

Der is eins gjin kommentaar mear by nedich. Sjoch de foto hjirûnder út ‘Reedride op glêd iis‘.  Dat ien sa’n macht hat om Fryske skriuwers tsjin te wurkjen… Ik haw der gjin sicht op oft de situaasje no faaks feroare is wat de literatuerbefoarderer oanbelanget. Mar T.O. wurket yn elts gefal noch wol by Tresoar, […]

Hoannepasta

Ik krige synjalen dat guon fan myn fêste besikers op myn bloch ûngerêst wiene oer myn sûnens. Dit fanwege in lange perioade fan swijen hjirre. No jonges en famkes, der mankearret Knilles neat hear, mar ik wie tige besteld mei it skriuwen fan in hiel dreech artikel, dat no aldergeloks klear is. Jim hearre der […]

Duo von Däniken: As it bern stôkneaken is

Duo von Däniken presintearret it ensemble Upstalbeam, mei ‘As it bern stôkneaken is’. Dizze âlde Fryske wetstekst is op in oangripende wize op muzyk setten. Upstalbeam spilet op orizjinele ynstruminten út de Renaissance. Meikoarten ferskynt harren earste CD: ‘Kening Finn’

Engelbert Humperdinck – Hänsel und Gretel