Cornelis van der Wal

Moanne: maaie 2016

  • Coen Peppelenbos zingt een vrolijk liedje!

  • Ynlogge by Simke

    No minsken, sûnt juster kin ik ek wer by myn liengegevens op de side fan Tresoar. As ik it goed begryp wie ik de iennige dy’t net ynlogge koe, mar it is no ferholpen. Lês ek it twadde diel fan myn feuilleton op ensafh.nl: Simke Kloosterman: De Nije Brieven. In Feuilleton (2) Jûn waarm iten.

  • Portret Cornelis van der Wal 1994

    In aardige byfangst fan it sykjen op de side fan Tresoar is it ûndersteande filmke fan de Omrop. In portret út 1994, ik wenne doe noch net sa lang yn Grins. Ja, doe wie Geart de Vries dêr noch, by de Omrop bedoel ik… It giet om dit filmke, ik hie der earder oer skreaun.…

  • De Katalogus, diel III

    No minsken, Tresoar hat antwurd jûn, dat is hiel moai! In grut part fan de oplossing ta de katalogusproblemen stiet hjir: http://www.tresoar.nl/Pages/Tresoar-in-de-cloud.aspx. Mar ik hie myn mailadres ferline wike al trochjûn, en koe noch altyd net ynlogge. Goed, ik haw myn emailadres mar wer opnij trochjûn, en haw dêr in befestiging fan krigen. Marrrr… Ik kin noch…

  • Dei twa fan Tresoar yn ‘e cloud

    En de liener yn ‘e kjeld. Noch gjin katalogus fan Tresoar te finen. Gjin liengegevens online. En in grut part fan sirkwy.nl leit der al hat in moanne út. Wurdt neat oan dien. Ik haw sawol sirkwy as tresoar in mail stjoerd, mar dêr wurdt net op reagearre. Net al te fatsoenlik, no. Ik haw…

  • Katalogus Tresoar net mear berikber

    Nei it echec mei sirkwy.nl leit no ek de katalogus fan Tresoar der út. Ik woe niiskrekt efkes in boek ferlinge, mar dat kin dus net mear. Soe it komme om’t Tresoar no yn de ‘cloud’ sit? En wa begrypt eins wat hjir stiet? Efkes wat plaatsjes der by, dan snappe se it op ‘e…

  • Kollum op ensafh: Jakob van Hoddis

    Hawwe jo wolris fan de dichter Hans Davidsohn heard? Sa net, dan faaks al fan syn pseudonym, in anagram fan syn namme: Jakob van Hoddis. Van Hoddis (1887-1942) is benammen bekend wurden troch syn gedicht Weltende, dat er yn 1911 yn it tydskrift Der Demokrat publisearre. Lês hjir fierder

  • ‘Technysk probleem op Sirkwy’ al sûnt 04-05-2016

    Understeand berjocht is juster op sirkwy.nl pleatst. Wat der net by stiet is dat dit probleem al sûnt 04-05-2016 bestiet. Ik bin bang dat dy hiele ‘tesaurus fan sa’n 2000 auteursnammen’ ferlern gien is. Wa is dêr ferantwurdlik foar? Faaks hat de Erdogan fan de Fryske Literatuer, Teake Oppewal, op in ferkeard knopke drukt? Technysk probleem op Sirkwy…

  • Tsjêbbe as heit

    Niiskrekt haw ik de film ‘Heit’ fan Piter Hettinga sjoen. Dy heit, dat is Tsjêbbe Hettinga. Jim witte faaks hoe’t ik oer Tsjêbbe syn foardracht tink en tocht. Ik koe en kin der mar min oer. It sizzen is: oer de deaden neat as goeds. Dêr hâldt Piter H. him net oan, jo krije net…

  • Wa is der no wer dea yn Fryslân?

    Ut de âlde Duodoaze!