Cornelis van der Wal

Moanne: juny 2016

  • Literêre snekber

    Nijsgjirrige passaazje út in reaksje fan Josse de Haan op ensafh: Tresoar – ‘wy doare gjin kommentaar op Tresoar te jaan, want dan krije we gjin opdrachten mear’, seine skriuwers tsjin my yn febr. l.l. Wannear sil it no ris út wêze mei de macht fan de ynstitúsjes wat literêr Fryslân oanbelanget… Ik wol der yn elts…

  • Skandalige behanneling Ierske skriuwster troch Tresoar

    ‘Fan jannewaris 2016 ôf docht Tresoar, it Frysk histoarysk en letterkundich sintrum, mei oan it Europeeske útwikselingsprojekt Other Words/ Oare Wurden. Fiif Europeeske lannen en regio’s wurkje meiinoar gear om in literêr netwurk op te bouwen foar skriuwers fan lytse en minderheidstalen. Yn it projekt krije skriuwers de kâns om acht wiken yn it bûtenlân…

  • Aparte kar advyskommisje Obe Postmapriis

    Erica Bergema, Rolf Bremmer, Afke de Haan en Marlies de Jong, does that ring a bell? Eh… Ik hie allinnich noch mar fan Rolf Bremmer heard, de akademikus. De oare trije meie jo sels googelje… Hoe dan ek, dizze persoanen hawwe ferstân fan it literêre  Frysk neffens de Provinsje, se sitte ommers yn de advyskommisje foar…

  • Van de Velde sil it wol efkes fertelle

    Ja hear, ien fan bûten Fryslân sil wer efkes fertelle hoe’t it hjir moat. En by de Akademy falle se op ‘e knibbels en sizze ‘ja menear, jo binne geleard en hawwe grif gelyk…’ Nee? Wêrom hear ik dan gjin wjerwurden út Akademyfermiddens wei? Ik mocht oars wol oer Flamingen, mar dat hat syn langste…

  • Brykprater Elske Schotanus

    Hy wit se wol út te kiezen, Asing Walthaus fan de Ljouwerter Krante. Diskear praat er mei Elske Schotanus. In hiel fermaaklik petear, sjoen it feit dat Schotanus hielendal gjin Frysk prate kìn! Hawwe jo har wolris heard? In hiel bryk taaltsje rôlet út har bekje. It sil wol Hearrenfeansk wêze of sa, gjin Frysk…

  • Goarre Brouwer: mear Hollânsk yn Fryske boeken!

    Goasse Brouwer, útjouwer fan de boeken fan Frysk en Frij, fynt dat it omdraaien fan de tiidwurden yn it Frysk moat kinne. Syn útspraken binne ûnderdiel fan in goarre, dy it Frysk yn in hieltyd rapper tempo ferneatiget. Efkes op it plaatsje klikke.   Jûn bamy

  • Arrogant studintsje

    Foto efkes oanklikke ‘As skriuwtaal soe it Frysk ferdwine.’ LC-redakteur Asing Walthaus sitearret de *kuch* wittenskipper Han van de Velde. Dêr binne hielendal gjin arguminten foar, dat it Frysk net mear skreaun wurdt of wurde sil. My falt fierders de grutte arrogânsje fan de hear Jan Ybema op. Gjin Fryske romans lêze, om’t se net…

  • Stjoer ris in mailtsje oan Han van de Velde!

    Mail Han van de Velde! hvandevelde@fryske-akademy.nl Dizze menear wol dat it skriuwen en lêzen yn it Frysk mar ris ophâlde moat. Sjoch myn foarige berjocht.

  • Fryske Akademy: hâld mar op mei Frysk skriuwen!

    ‘Han van de Velde fan de Fryske Akademy pleite derfoar om it Frysk as skriuwtaal oer te jaan en alle omtinken op it behâld fan ’e sprektaal te rjochtsjen. “Het nog leren lezen en schrijven is een verloren zaak”, sa sei er.’ No, en dy Fryske literatuer, hâld dêr ek mar mei op. Dat kin…

  • wbsite Sirkwy

    Ja, dêr krije jo op it lêst ek jo nocht fan: hieltyd melde te moatten dat der in technyske steuring is op Sirkwy.nl. No komme se mei it ferhaal fan ‘Dêr moatte alle links mei de hân yn ferfongen wurde.’ Dat heart al in stik better, is’t net? Mei de hân! Lekker âlderwetsk! Ambachtlik, no!…