Monthly Archives oktober 2016

Mei Eeltsje op ‘e Buchmesse: gesellich!

Ja minsken, it muoit my tige, mar ik moat it wer oer Eeltsje Hettinga hawwe. Jo kenne de man tink wol. Mei it dichtsjen woe it net rjocht mear, dat hy stapte oer nei dizenige en pretinsjeuze artsy-fartsy fideo-dinges projekten. Treurich fansels. Mar de man hat ek in oar probleem, nammentlik dat er achter elke beam in […]

Foarfertoaning ‘It Font’

Ik bin tige wiis mei it feit dat ik jim al in stikje sjen litte kin fan it poëtysk fideoprojekt fan Eeltsje Hettinga en Lotte Middendorp It Font. Tidens de Frankfurter Buchmesse sil de folsleine film fertoand wurde. No alfêst in priuwke:    

Abe de V. oer ensafh

Foar wa’t it in wat nuver idee fynt, dat Abe de Vries in haatkampanje tsjin ensafh fiere soe: sjoch it ûndersteande stikje mar ris. 02-03-2015

Abe syn fete

In pittige diskusje op Facebook oer it besprek yn it FD dat resinsint Abe de Vries skreau oer ‘Raffelwjok’ fan Syds Wiersma. Wiersma is net sa wiis mei dit besprek. Hjirûnder in sken fan it kranteartikel. Efkes op klikke. Ik haw it folgjende op Facebook setten: Cornelis van der Wal Typysk Abe, hy blêdet wat […]

Besprekken Eppie Dam bywurke

Mei Geart Tigchelaar: Leech hert yn nij jek en Jaap Veenstra: Gatten yn it tek / Gaten in het dak. Klik hjir foar it oersjoch. N.B. dizze besprekken binne oernaam fan it argyf fan de LC. Net aktueel dus. Sjoch oan de linkerkant fan dizze side foar oare argivearre poëzijbesprekken.

Ferdinand de Jong pleitet foar midsmjittigens

De Jong skriuwt: ‘der hat noch nea in frou de Gysbert wûn foar in boek.’ Rixt hat yn 1953 de Gysbert krigen foar har dichtbondel ‘De gouden rider’. Dat wie in boek, en Rixt wie in frou. Dit wie myn reaksje op de side fan de Omrop, dêr’t in kollum fan Ferdinand de Jong mei de […]