Monthly Archives maart 2017

Stimme

Ja, ik wit al wat ik moarn stimme sil, it wurdt yn elts gefal net de VVD. Ik wurdt al mislik as ik de posters mei dy kop fan Aukje de Vries hjir yn Ljouwert hingjen sjoch. Jawis, Aukje de Vries. ferneamd fan har útspraak: ‘Armoede is een keuze‘. Dat soks noch talitten wurdt op […]

Vivaldi (nee giet net oer muzyk)

Sûnt sawat in healjier oerstapt wat de browser oanbelanget nei Vivaldi. Yn myn belibbing de rapste fan allegear, tige moai fan uterlik, en kin ek noch yn it Frysk. Hjir op myn laptopke lit ik it draaie ûnder Chromixium, in ideale kombinaasje. Ik ynternetsje sa min mooglik ûnder Windows, dat systeem bliuwt lykwols needsaaklik foar […]

Miloslav Kabeláč – Mystery Of Time

Yn ‘e werhelling: Ivoaren toer yn it meanfjild

It is in diskusje dy’t allegeduerigen weromkomt: moat in aspirant dichter earst de skiednis en de technyk fan de dichtkeunst bestudearje, foar’t er sels de guozzefear of laptop brûkt foar syn poëtyske uteringen? Lês fierder by ensafh.nl

Wurkplakken

Wolf yn harnas (bywurke 06-11-18)

Bestel. Oer Wolf yn harnas.

Argyf besprekken Eppie Dam bywurke

It argyf fan Eppie Dam syn poëzijbesprekken yn de Ljouwerter Krante is bywurke mei 5 nije besprekken: Syds Wiersma: Raffelwjok Bartle Laverman: In echte Fries Cornelis van der Wal: Wolf yn harnas Arjan Hut: Aurora Bossanova Edwin de Groot: Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see Klik hjir foar it oersjoch fan Dam […]

Boartersbûkje

Earder dizze wike wer efkes by de kringloop (Estafette) sjoen. Wa’t noch net genôch Fryske boeken hat kin him/har dêr úttjirgje. Ik fûn dêr R.R. van der Leest syn Boartersbûkje 1909 en sextich en haw it bûkje oanskaft foar 0.50 €… Spitigernôch foel it boek hielendal útinoar doe’t ik it iependie… Hiel aardich hear dy teksten, al […]

Vampyrbamy

Faaks wisten jo it al, ik haw sûnt in jiermannich Spotify, ik fyn it in muzikale himel op ierde, heite. En op (opera) listen as dizze hawwe jo rom karút. Se steane foar in grut part op Spotify. Ik bin dwaande de hiele list troch te wurkjen. Fansels slaan ik guon komponisten oar, lykas Verdi: […]

Swalk stoppet: wêr is de opfolger?

Jo hiene it berjocht grif al lêzen, it stiet û.o. hjir  Gearfetsjend: ‘Provinsje Fryslân hat hjoed bekend makke dat fan 2017 ôf de Afûk de promoasje en de ferkeap fan Fryske literatuer fersoarget. De boekepromoasje wie yn de ôfrûne jierren by Tresoar dellein, de boekeferkeap by Boeken fan Fryslân. Op fersyk fan de provinsje Fryslân […]