Ferline jier haw ik net meidien, om’t de sjuery fan de Rely-priis net bekend makke waard. Ja, earst doe’t it al te let wie.
Dit jier liket it deselde kant op te gean. Neat oer de gearstalling fan de kediiskommisje dy’t jo wurk beoardielje moat.
Ik wol dat al earst witte, foar’t ik wat opstjoer, oft der wol guon bysitte dy’t in bytsje doel oer poëzij hawwe. Oars hoecht it om my net.
In nuvere gong fan saken, is’t net?
Updeet: no, it docht bliken dat de sjuery wol op ‘e side stiet. Tige ûnhandich pleatst, nei myn betinken ûnder https://www.stiftingflmd.frl/rely-jorritsmapriis/nijs. Mar goed: dit binne se: Karen Bies, Douwe Kootstra en Inge Heslinga. Tsja, wat sil’k sizze…
Reagearje