Wêrom it ‘Boekenweekgeschenk’ oersette yn it Frysk?

It liket in tradysje te wurden, it oersetten fan it Hollânske Boekewikegeskink yn it Frysk. Wa kin my útlizze wat hjir it doel fan is? Jetske Bilker fertsjinnet der tink in aardich bûssintsje mei, dat is fansels moai foar har. In oar foardiel kin ik net betinke.

Ik fyn it beskamsum, earlik sein. It is it ultime knibbeljen foar de Nederlânsktalige liteatuer. Sjoch ek de poster foar it literêre evenemint fan Boeken fan Fryslân, dy’t efter de organisaasje, en nei alle gedachten ek efter de oersetting sit. De namme fan Siebelink is folle grutter ôfprinte as dy fan de Fryske dielnimmers.

Knibbelje sille jim, domme Friezen!

It boekje fan Siebelink is yntusken folslein ôfkreake. Soe Jetske wol wat wille hân ha by it oersetten?

 

Comments 1