Tige dizenige wedstryd fan de Moanne

Ik sitearje efkes Sirkwy:

‘Wat wit ik fan dizze wrâld? Algemien kultureel opinyblêd de Moanne skriuwt in wedstryd út oer de bining mei de werklikheid fan proazaskriuwers. Op dizze wize wol de redaksje stilstean by it feit dat it 50 jier lyn is dat it earste nûmer fan Trotwaer ferskynde, de foarrinner fan de Moanne.

Oan ‘e ein fan 2019 wol de redaksje in folslein nûmer meitsje mei bydragen dy’t oer ús wrâld geane. Is dit de wrâld dêr’t wy ús yn thús fiele, meitsje wy him stikken of krekt noch wat moaier? Skriuw it op as fan dy ôf en doch mei.

Meidwaan? Elkenien kin in ferhaal, kollum, gedicht of audio- of filmfragmint ynstjoere.’

Giet it no allinnich om proazaskriuwers? Mar wêrom stiet der dan dat der ek gedichten ynstjoerd wurde meie?

En, mei permisje, wat moatte jo mei ‘Wat wit ik fan dizze wrâld? En:  ‘…. de bining mei de werklikheid fan proazaskriuwers.’ En it is dus in wedstryd, stiet der. Wat is dan de priis?

Trotwaer bestiet al lang net mear, it is ek gjin ûnderdiel mear fan de Moanne, dat foar mear as de helte út Hollânsktalich ôfwaaid arty farty praat bestiet.

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *