Cornelis van der Wal

Skriuwoprop fan de Moanne hypokryt

Ik hie it der lêst ek alris oer, mar no stiet it offisjeel online by de Moanne: Skriuwoprop: Wat wit ik fan dizze wrâld?

It sil grif oan mysels lizze, mar wat moat ik mei teksten as ‘It wurdt tiid dat skriuwers yn Fryslân harren potlead de grûn yn stekke om te fernimmen wêr’t al dy trillingen dy’t ús demokratyske tradysje oan it wankeljen bringe, wei komme. Of dat se harren laptop iepenklappe en as in seiltsje omheech hâlde om mei te farren op de wyn fan de tiid.’  Faaks is it (minne) poëzij?

En, ‘Mei dizze oprop wol de redaksje stilstean by it feit dat it eksakt 50 jier lyn is dat it earste nûmer fan Trotwaer ferskynde.’   Ja, offisjeel makket literêr tydskrift Trotwaer noch diel út fan de Moanne, mar dêr komt yn ‘e praktyk neat mear fan op ‘e hispel. It oantal ôfwaaide ‘keunst’-artikelen hat fierwei de oerhân boppe de literatuer. De redaksje fan it tydskrift de Moanne wol dus de oprjochting fan Trotwaer betinke, wylst se sels ferantwurdlik binne foar de ûndergong fan Trotwaer. Liket my frijwat hypokryt ta.

Noch ien: ‘De bining mei de werklikheid is hast ferbrutsen yn de Fryske literêre tradysje. Heech tiid om ús de fraach te stellen: Wat wit ik fan dizze wrâld?’

‘De werklikheid’. Tsjong, redaksje, wolris in filosofysk boekje lêzen?

 


Posted

yn

troch

Tags:

Reakce

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.