Cornelis van der Wal

It ûnthâld fan de Moanne

Ja minsken, it jier 2019 is al wer hast foarby. Wat mysels oanbelanget wie it hichtepunt de tour mei de Reade Runen nei Denemarken ta. En fansels de oansteande oersetting fan seis (6) fersen út Wolf yn harnas yn it promininte Deenske tydskrift Hvedekorn. Dat lêste sil yn 2020 plakfine.  Grutte *kuch* Fryske poëzijkenners lykas Bouke Oldenhof, Eppie Dam en Goffe Jensma fûnen de Wolf it praat net wurdich, aldergeloks binne der ek noch oaren, lykas Josse de Haan.

Ik krij wolris de fraach: Knilles, wêrom dochsto altyd sa… nitelich tsjin De Moanne en Eeltsje Hettinga? Dat hat syn oarsaak yn it ûndersteand sitaat út Hettinga syn besprek út 2005 fan myn bondel ‘Subsydzje foar de Graal’ yn de Moanne:

Faaks hie in betide dea, karakteristyk foar mannich swart-romantyske skriuwer of muzikant, dit dichterskip, dêr’t ferfal en dea net swak yn by spylje, better past.’

Dat komt der dus op del dat neffens Hettinga, en de redaksje fan de Moanne,  it better west hie dat ik al in moai skoft lyn stoarn wie. No, Hettinga, Bruinsma en al dy oare meirinners fan de Moanne: ik bin der noch. En ik sil jim ûnthâld wat dizze saak oanbelanget geregeld opfrisse. Foar de goede oarder: fan in rektifikaasje of ekskuses hat nea sprake west.

No sa, noflike Krystdagen!

 


Posted

yn

troch

Reakce

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.