Cornelis van der Wal

De ein fan Fers2?

Ornaris wurdt it *kuch* literêre tydskrift Fers2 om ‘e 14 dagen ferfarske, mar it lêste berjocht is fan 15-12-2019. Op ‘e side stiet: ‘Fers2 komt om ’e fjirtjin dagen op it ynternet út as Fers2.eu. Fers2 hat gjin paywall: alle stikken binne frij tagonklik.’ Soe dit de ein wêze fan in tydskrift dat neist in strieminne foarmjouwing ek in betiden frijwol ûnlêsbere ynhâld hie? My tinkt dat de dagen fan it sûnt koart as in ienfroustydskrift geande periodyk teld binne. Abe de Vries stiet frjemd genôch noch hieltyd as mei-redakteur op ‘e side fermeld, mar hat him op 04-10-19 al weromlutsen… Sa komt der in ein oan … och, oan wat eins? Wa sil Fers2 misse? Wa hat it überhaupt murken dat der gjin nije berjochten mear bykamen?

It wie oars neat as gepiel yn ‘e marzje.

R.I.P.


Posted

yn

troch

Reakce

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.