De advyskommisje foar de GJ-priis 2021 + updeet

In hiel lang stik oer de advyskommisje foar de Gysbert 2021 yn de provinsjale deiblêden hjoed. En dat wylst de gearstalling fan dizze kommisje noch hielendal net bekendmakke is.

Op Fers2 wurdt steld dat de gearstalling  op de side fan ‘e Provinsje stien hat. Mar wêrom dan net efkes in screenshot makke? Ek hiel apart dat de deiblêden dit stik pleatse, sûnder de Provinsje te riedplachtsjen.

 

Abe de Vries hat trije oare Gysbert-winners ree fûn en stypje syn protest tsjin dizze ‘gearstalling’. Skande dat dizze respektearre auteurs efter de kwerulant De Vries oanrinne!

UPDEET

De advyskommisje is bekendmakke: ‘Nynke Heeg, Hein Jaap Hilarides en Jannes van der Velde binne troch Deputearre Steaten beneamd as leden fan de advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 2021.’  En, oars as Abe de Vries yn syn stik yn de Ljouwerter hawwe wol, is Jannes van der Velde wol deeglik aktyf yn de (Fryske) literatuer: ‘Jannes van der Velde studearre algemiene literatuerwittenskip en bedriuwskunde.’ …’Van der Velde wie ek mear as tsien jier bestjoerslid fan Tresoar en advisearre dêr ûnder oare oer ferbettering fan it literêre klimaat yn Fryslân.’

Koartsein: Abe stiet alwer foar gek, en de oare ûndertekeners fan it epistel ek.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

1 Comment
Inline Feedbacks
View all comments
Huub Mous
9 months ago

Jo hawwe gelyk! Ik wol dat de nije jury foar de Gysbert bestiet út: Henk Angenent, Syb van der Ploeg en mysels fansels. In nije dei, in nij gelûd, no.