En it giet mar troch minsken! De libbenspartner fan Abe de Vries, Friduwih Riemersma, is tige lyrysk oer de nij út te kommen blomlêzing fan Abe mei de argayske titel Ik haw myn kobist fêstbûn oan in appelbeam / Ik bond mijn koe vast aan een appelboom.
Wat skriuwt *kuch* de útjouwer?
“In prachtige bondel: in ritmysk lûd fan wjerstânsfermogen en hoekhâlden”, sa seit Friduwih Riemersma fan dizze blomlêzing. Riemersma fersoarge ek in koarte ynlieding dêr’t se de poëtyske betsjutting fan Abe de Vries yn besiket te tsjutten. De Vries is ien fan de belangrykste Fryske dichters yn de 21e iuw oant no ta, sa net de belangrykste. Abe de Vries is ek in betûft fotograaf. By elk fan de tsien parten yn de blomlêzing stiet in foto dy’t hy sels makke hat.
Dus de partner en de útjouwer fan Abe de Vries roppe him út ta de ‘belangrykste Fryske dichter’ fan de 21e iuw. De skamte foarby!
Reagearje