Fryske poëzij yn Awater

Yn de hjerst-edysje fan it literêr tydskrift Awater wurdt û.o. oandacht bestege oan de nije Frysktalige poëzij. Skriuwer fan it artikel is Jabik Veenbaas. Titel fan it stik is ‘Mijn fontanellen schoven open”, in sitaat út myn gedicht ‘Skjinhead’.  Veenbaas neamt my om ien as oare reden Cor van der Wal. Cor is myn ropnamme, en net de namme dy’t op myn boeken stiet, dat is Cornelis. Mar lit fierders mar!

Ik mis yn syn oersjoch oars al in pear nammen, lykas Geart Tigchelaar en Syds Wiersma, en Veenbaas skriuwt ek de namme fan Elmar Kuiper ferkeard. mar it artikel is oer it generaal wol ynformatyf foar dejinge dy’t net folle fan de Fryske dichtkeunst wit.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

0 Comments
Inline Feedbacks
View all comments