Bakje argyf

In betiid blochke foar myn dwaan. Ik sil aanst wat húshâldlike putsjes fuortwurkje en dan wer oan de slach mei de bondel. Haw al in titel, mar wit net oft… Mar ris hearre wat oaren der fan fine.

Minsken dy’t al in foarpriuwke fan mijn nije wurk hearre wolle kinne oare wike terjochte by De Liwwadder Zomer Poëzieavond. Ik lês tink in stik as 6,7 fersen foar. In moai programma, tinkt my. Al… Nee, ik sis neat.

Fierders haw ik myn e-reader folstoppe mei, neist fansels okkult en esotearysk guod, ek aardich wat literatuer. Bygelyks in hiel hiel moai boekje fan Théophile Gautier oer Baudelaire. Is hjir te finen, fergees en legaal. Stiet in ferskriklik soad op, it is net nei te kommen sa folle. Allegear op archives.org.  Ek in hiel soad literatuer yn de Dútske taal, mar dat leare de berntsjes leau’k net mear…

Waarmje jûn bakje iten op

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

0 Comments
Inline Feedbacks
View all comments