Eksit Literatuerbefoarderer

No sa, mar wer betiid blogje, haw noch wichtiger wurk te dwaan…

Ferjou my as ik wer al te kritysk oerkom, ik doch it om de kwaliteit fan de Fryske Literatuer op peil te hâlden.

Ik haw nammers de bannen mei de literatuerbefoarderer no folslein ferbrutsen. Wolle jo witte wêrom? Freegje it de man sels mar. Hy wit wol wêrom.

Fierders: wa betinkt sa’n weardeleaze titel foar it kadoboek fan de Moanne fan it Fryske Boek? Los sân… dat komt net botte keapsjoch oer, no? “Los sân, no, dat kin net net folle wêze, lit mar moai lizze dat boek”, sa sil de sljochtweihinne lêzer tinke. En faaks is it in hiel moai boek, wa wit. Haw sels noch nea wat fan Greet Andringa lêzen, dat ik bin yn feite objektyf.

Sil de Moussaka opwaarmje fannejûn. Sit net in soad fet yn en sa. Ik sit no op 77,7 kilo. Wol nei de 75 ta. Ris sjen oft it fytswaar is fannemiddei, oars mar in oardel oere kuierje.


0 0 votes
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

6 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
josse de haan
josse de haan
12 years ago

By it gearstallen fan de earste Spegel fan de Fryske Poezy sei Laurens van Krevelen (direkteur Meulenhoff, de utjouwer) tsjin de befoarderer O.: ‘Zou U niet een paar surrealistische gedichten van De Haan opnemen, zoals ik er een dertiental van hem in myn Surrealistische Spiegel heb op genomen? Hij is de enige in Frieslan die zulke gedichten schrijft’. Antwurd literatuerbefoarderer O.: ‘Volgens mij is dat geen poezie’. Van Krevelen: ‘U beweert dus dat ik niet weet wat poezie is, want U ontkent hier de in mijn ogen waardevolle poezie in mijn verzameling in de Surralistische Spiegel. Mijnheer O., ik ben… Read more »

Grutte Pier
12 years ago

Alles fan Mous hat net in soad fet, no.

josse de haan
josse de haan
12 years ago

Hoe kinne jo ofskied nimme fan in befoarderer dy’t nea befoardere hat, dy’t bgl. fan C. van der Wal sei doe’t er in beurs ha woe – ‘dy Van der Wal fersupt it jild of bringt it nei de hoeren. Dy beurs kin better nei in serieuze dichter, ien dy’t ik begryp. Want IK wit wat poezy is’.
Wat Van der Wal waard der befoardere? Jo kreaasjes of de bisniss fan dizze yn jo eagen befoarderer, mar yn wezen in misleare gemikus???

helena
12 years ago

do wolst sizze: ik doet het ook voor jou hoor Nel….;-))

Groetnis!
Helena

6
0
Would love your thoughts, please comment.x
()
x