Teake Oppewal oer literêre beurs foar Cornelis van der Wal + updeet

Josse de Haan skriuwt:

Hoe kinne jo ofskied nimme fan in befoarderer dy’t nea befoardere hat, dy’t bgl. fan C. van der Wal sei doe’t er in beurs ha woe – ‘dy Van der Wal fersupt it jild of bringt it nei de hoeren. Dy beurs kin better nei in serieuze dichter, ien dy’t ik begryp. Want IK wit wat poezy is’.
Wat Van der Wal waard der befoardere? Jo kreaasjes of de bisniss fan dizze yn jo eagen befoarderer, mar yn wezen in misleare gemikus???

En myn reaksje:

Ha Josse, no it is syn offisjele berop, literatuerbefoarderer, dêrom neam ik him sa.

Dat fan dy beurs, dat wist ik net, of haw it ferdrongen. It is yn elts gefal skandelik en skofterich tagelyk. Mar it is neat fergeleken mei wat er my lêstlyn skreau. Ik wol it hjir net werhelje, it soe it email-geheim trochbrekke. Nochris minsken: freegje it him sels mar.

Sa’n ferskriklike flater is net te ferjaan, ik haw it besocht.

Nochris Josse de Haan:

By it gearstallen fan de earste Spegel fan de Fryske Poezy sei Laurens van Krevelen (direkteur Meulenhoff, de utjouwer) tsjin de befoarderer O.: ‘Zou U niet een paar surrealistische gedichten van De Haan opnemen, zoals ik er een dertiental van hem in myn Surrealistische Spiegel heb op genomen? Hij is de enige in Frieslan die zulke gedichten schrijft’.

Antwurd literatuerbefoarderer O.: ‘Volgens mij is dat geen poezie’.
Van Krevelen: ‘U beweert dus dat ik niet weet wat poezie is, want U ontkent hier de in mijn ogen waardevolle poezie in mijn verzameling in de Surralistische Spiegel. Mijnheer O., ik ben zelf dichter’. O.: ‘Zegt me niks’.

O. de literatuerbefoarderer fierder: ‘Zijn zogenaamde surrealistische poezie hoort niet thuis in onze Spiegel. Wij selecteren op kwaliteit’.

Ik kin dy sizze Cor, Van Krevelen sei my dat er soks noch nea meimakke hie. Hy wie ferbjustere. Sa eigenwiis, sa betweterich, sa narrowminded. O.

Nochris, wat hat hy befoardere yn syn bewald fan 18 jier? Hy hat heel wat skriuwers leechlein, beledige, dwers sitten en foar in part kapot makke. Ik sil de rige net opneame, mar it binne der tsientallen, en net de minsten.
En de provinsje betellet net allinne sokke idioaten, se stipet se ek noch om noch fierder of te brekken. Ik soe sizze: Jannewietske, please, wurd wekker.

3
Leave a Reply

avatar
3 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
Alwer in boycott! at Cornelis van der WalGrutte Pierwww.ensafh.nl Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
trackback

[…] binne ferskate redenen: alderearst de skandelike wurden dy’t de Literatuerbefoarderer fan Tresoar yn it ferline oer my sprutsen hat.  Ik sil noch […]

Grutte Pier
Guest

Skriuwe jo dit log no foar Ensafh of foar jimsels? Dat binne twa ferskillende funksjes, no.

trackback

[…] Lês fierder by Cornelis van der Wal […]