Kassa foar it grêf

No, sjoch ris oan, de reaksjemooglikheid fan ensafh wurdt ek wer ris brûkt. Frijwat skokkend eins wat Josse de Haan oan ûnthullingen nei foaren bringt. Jelma Knol hie tink in goed glês wyn by it iten dronken, dy kin men al langer net serieus nimme.

Yn elts gefal is it dúdlik dat, as it oan guon Fryske literêre pommeranten leit, jo gjin beurs fertsjinje wannear’t jo in bytsje de bohémien spylje. Trije kear sneins nei tsjerke, dan earst rinkelet de kassa foar de earme dichter. Literêre motiven spylje fansels gjin rol. Ek by lanlike subsydzjejouwers binne der soksoarte eh… stoute minsken aktyf.

De hear Teake O. swijt ûnderwilens as it grêf, jout gjin antwurd op myn tige fatsoenlike mails. Mar faaks is er mei fakânsje. Fan ús belestingsinten! ( I always wanted to say that.)

Jûn eat mei rys, tahû en griente

5
Leave a Reply

avatar
5 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
5 Comment authors
KnillesErwinKnillesFruoGrutte Pier Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Knilles
Guest
Knilles

Ha goeie Erwin, tige tank! Ik gean dermei troch oant ik der by delfal!

Erwin
Guest
Erwin

Ik ha al in hiel skoft net mear op dyn webloch sjoen, sjocht der kreas út!

Fruo
Guest

Ik haw in pear dagen net op dyn bloch west en fuort rint alles hjir yn it hûndert, potfergeemje 😛 Ik sis: wy moatte ynkoarten mar ris in iisko helje by de Min 12 yn Snits (of muk Sneek sêge?)…dan hawwe wy it der nochris oer. Bestier der eins al bami-iis? Is überhip tsjintwurdich 🙂

Groet uut Grunn

Grutte Pier
Guest

Jo binne in bytsje wrokkerich, no.