FLST op ‘e knibbels foar de Hollanners

Op ‘e knibbels? Binne se Roomsk wurden? Dat lêste wit ik net, mar ik bedoel wat oars.

It giet om dy Hollânsktalige ‘flyer’ dy’t it FLST fannemiddei as parseberjocht omstjoerd hat. Yn it Hollânsk dus, wylst it om Frysktalige boeken giet. It is ek sa slim nei te kommen, no, dat Frysk.

Deze roman is geschreven in de Friese taal“. Ja, want dat wisten jim noch net, hin, leave berntsjes, dat it Frysk in taal is.

Oar min nijs oer it Frysk is de wize wêrop de Leeuwarder Courant op it ynternet mei ús âlde taal omgiet. Lês dit berjocht mar. En wit dat, alteast foar in part, dit twittermantsje ferantwurdlik is foar de moderaasje fan de reaksjes. It seit genôch, dat is in Amelanner, dy’t moatte neat fan it Frysk hawwe. Noch slimmer as Grinslanners.

Saté mei rys en slaad stiet jûn op it menu.

1
Leave a Reply

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
Grutte Pier Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Grutte Pier
Guest

Alles is wer kloaten foar de bok, no.