Triedleaze matearje

Fannemiddei efkes nei Ljouwert ta west, nei de Centrale, in machtich moai kompleks fan allerhanne grutte winkels. Ik wie op syk nei triedleaze lûdsprekkers, mar dy hiene se by de Mediamarkt en BCC net.

Doe besleat ik de saak oars oan te pakken, en in gatsje yn de muorre te boarjen en dêr in kabel trochhinne te lûken, foar gewoane lûdsprekkers. Ik haatsje boarjen, timmerjen en seagjen. Ik haatsje yn feite de matearje. Mar goed, dy reitsje ik dochs wolris kwyt, dat jo moatte jo earst sa mar rêde. Dat ik gie nei de Praxis foar in boarmasine. Ik hie der al ien útsocht doe’t ik neist de kassa… triedleaze lûdsprekkers seach, foar de helte fan de priis.

Dus.

Op ‘e weromwei nei it Ljouwerter stasjon trof ik Huub Mous op ‘e fyts. Hy rôp soksawat as “Dit kan niet waar zijn, dit komt te dichtbij.” Mar it wie wol wier: In ferskining fan Knilles te Ljouwert.

Sit wol in aardich lûd yn dy dingen. Moat noch in goede opstelling betinke.

Jûn bakje iten opwaarme.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

0 Comments
Inline Feedbacks
View all comments