Mail oan de Ljouwerter Krante

Bêste redaksje, achte hear De Vries,

ik woe ris efkes by jim ynformearje wat oft de tafoege wearde is fan de sin :”De hear C. van der Wal fan Snits hie ôfsein, mar…” Ik doel fansels op it stikje oer it Boekefeest, pleatst op 04-09-2010, wierskynlik skreaun troch jim meiwurker Sietse de Vries, dy’t my in oantal jierren ferlyn yn in ynhâldlik folslein ferdraaid ‘fraachpeatear’ ek al ûnder oaren in ‘sûplap’ neamde. Jo kinne dit ‘petear’ wol ûnder de rubryk karaktermoard yndiele, tinkt my.

Ek diskear skreau jo topsjoernalist net de wierheid. Ik hie hielendal net ôfsein, ik wie gewoan net oanwêzich.

It is faaks in goed idee en hâld de hear De Vries tenei wat yn ‘e stringen en sjoch syn stikjes wat better nei, it soe de kwaliteit fan jo krante in hiel ein op wei helpe.

Ta beslút woe ik noch efkes ynformearje oft der op dit stuit faaks ek fakature’s binne by de Leeuwarder Courant, dy’t in bytsje by myn nivo passe. Dus gjin krantebesoarger, as it heal kin.

Mei freonlike groetnis:

Cornelis van der Wal

(Bamy)

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

9 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
Knilles
Knilles
11 years ago

Komt in man by de dokter. Wit net mear hoe’t it fierder giet…

Fruo
11 years ago

“…in nije rubrykje….” oooh ik begjin sa stadichoan backstreet-Frysk út te slaan :S

Fruo
11 years ago

Hoi Cornelis! Binne de rapen potfergeemje no al wer gear?!?! It is dêr yn Fryslân dochs wat. Dat alle prominte kultuerkoppen inoar wer it libben soer meitsje. Ik soe sizze: besykje it ris mei wat mear humor, leute!!! Graach jou ik de kick off foar in nije rubrykje op dyn webloch: it laitshoekje. Ik begjin wol efkes: Wêrom hawwe alle Friezen in twapersoans bêd? ….. …… Dan kinne hja ek nachts dwers lizze. Bin benijd watsto der fan kinst, Knilles…en miskien kin Huub Mous ek ris in stevige mop fertelle? Groetnis Froukje PS: haw hjoed ek sjinees iten mei de… Read more »

josse de haan
josse de haan
11 years ago

Gelyk hast! Us heit krige altiten fan dy man mei ald en nij in Kubaanske segaar. Foar it trou besoargjen fan de krante, sis mar. Neidat ik haad fan dy skoalle yn Hjerbeam wurden wie, fun er blykber ien te min. Us heit krige doe trije yn in blikken doaske – ek Kubaanske. En dat gong troch ek neidat Fidel de lieding nommen hie yn Kuba. Segaren wiene yn dit stik fan saken wichtiger as politike achtergrunen – de boargemaster wie fan CHU-orizjine lykas de heit fan Trinus sa’t er lesten ferdustste yn ien fan syn kollems. Ik haw heel… Read more »

Knilles
Knilles
11 years ago

Respekt! Hast gelyk Josse… Oan de oare kant hat it wol wer in moaie anekdoate oplevere…

josse de haan
josse de haan
11 years ago

Sorry Knillis, mar dit kin net. Us heit hat op syn minst in 25 jir de krante besoarge yn de doarpen Peins, Skalsum, Rie, Sloppeterp, Skingen en noch in pear. Ik haw him sels in pear kear holpen. Krysttiid 1962 lei der safolle snie dat er help ha moast. Ik stie yn dy tiid in twa moanne oan de ienmansskoalle yn Hjerbeam. Ik kaam dy dei foar krysttiid mei de krante yn Skalsum by de boargemaster fan Frjentjerteradiel – Hjerbeam hearde by dy gemeente. Dizze boargemaster, Mr. RFHM Hempenius, sei untjerlike wurden tsjin my: ‘En U, een hoofd van een… Read more »

Grutte Pier
11 years ago

Dat is neo-skolastyke larykoek, no.

Grutte Pier
11 years ago

“…..Dit haw ik niiskrekt twittere: “Soa, krekt besletten dat ik nèt nei it Boekefeest ta sil, oare wike freed. Beskôgje it mar as boycott.. De hotelkeamer by It Anker ek annulearre……”

Is dit ofsizze of net? Jo binnen in bytsje pytluttich, no.